Middelber Algemien Fuortset Underwiis

(Trochferwiisd fan Mafû)

It Middelber Algemien Fuortset Underwiis (Nederlânsk: Middelbaar Algemeen Voortgezet Onderwijs), yn 'e regel ôfkoarte ta MAVO (of inkeldris MAFU), is in skoalsoarte yn it Nederlânske ûnderwiisstelsel, dy't yn 1968 ynfierd waard neffens kêst 9 fan 'e Wet op it Fuortset Underwiis (yn 'e folksmûle de 'Mammoetwet' neamd). Dêrby kaam dizze skoalsoarte yn it plak fan 'e âldere ULO (Utwreide Leger Underwiis) en MULO (Mear Utwreide Leger Underwiis). It trochrinnen fan 'e MAVO duorret fjouwer jier (as in learling teminsten net sitten bliuwt) en is bedoeld foar learlingen fan tolve oant sechstjin jier. Der is in ûnderbou (de earste twa jier, wêrfan't it earste jier noch wer apart bekendstiet as de brêchklasse) en in boppebou (de lêste twa jier). Nei de HAVO en it VWO is fertsjintwurdiget de MAVO it op twa nei heechste nivo fan fuortset ûnderwiis yn Nederlân.

Oant it skoaljier 1999-2000 hie de MAVO âlde styl as ferplichte fakken Nederlânsk en ien frjemde taal (ornaris Ingelsk) en as karfakken: Dútsk, Frânsk, skiednis, ierdrykskunde, ekonomy, hannelskennis, biology, natuerkunde, skiekunde en wiskunde. Yn Fryslân koe ek it Frysk in karfak wêze, mar it hong ôf fan 'e skoallieding oft dat ek wier as sadanich oanbean waard. Dêropta waarden oan 'e legere klassen ek fakken as tekenjen, hânfeardichheid, technyk, muzyk, godstsjinst (of maatskiplike beskôging) en lichaamlike oefening jûn.

Yn it lêste jier of eksamenjier moasten de learlingen foar in saneamd 'karpakket', besteande út seis fakken, njonken ferskate oer it jier fersprate tentamens ek in eineksamen dwaan, it saneamde Sintraal Skriftlik Eksamen, dat oan 'e ein fan it jier foel yn maaie of begjin juny. Dêrby koene se kieze út 'e dreechheidsnivo's C en D, wêrfan't D it heechste wie. As in diploma behelle waard mei alle fakken op nivo D, koe men sûnder swierrichheden trochstreame nei de fjirde klasse fan 'e HAVO of nei it MBO. Hie men lykwols ien of mear fakken op nivo C, dan hong it fan 'e omstannichheden ôf wat de mooglikheden wiene. (Om in foarbyld te jaan: it wie selden in probleem om mei de taalfakken op nivo C troch te streamen nei in technyske oplieding.)

Yn it skoaljier 1999-2000 waard de opset fan 'e MAVO feroare. Fan dy tiid ôf bestie der gjin frije kar fan 'e karfakken mear, mar koe de learling kieze út in seistal foarsortearre karpakketten, dy't 'sektoaren' neamd waarden: technyk; soarch en wolwêzen; ekonomy; lânbou; horeka, toerisme en iten; en de 'sektor breed' (mei trochstreammooglikheden nei de HAVO). Tagelyk mei dizze feroaring ferdwûn de âlde namme MAVO en gie de skoalsoarte op yn it Tariedend Middelber Beropsûnderwiis (VMBO). Dêrbinnen wurdt de âlde MAVO oanbean as de 'teoretyske learwei'. Omtrint 2015 begûn lykwols in ûntwikkeling wêrby't guon skoallen de beneaming VMBO, dy't op in minne namme kommen wie te lizzen, wer werom feroaren yn MAVO. Ek skoallen dy't bestjoerlik net yn in grutter ferbân opgien binne, wurde noch altyd oantsjut as (kategoriale) MAVO's, al binne ek dat foar de wet gewoan VMBO-skoallen. Allinnich yn Karibysk Nederlân is de MAVO per 1 augustus 2011 op 'e nij ynfierd (neffens kêst 15 fan 'e Wet Fuortset Underwiis BES).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.