De deipau-each (Inachis io) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae)

deipau-each
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai foskes (Aglais)
soarte
Aglais io
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

Fersprieding

bewurkje seksje

De deipau-each is ien fan de meast algemiene deiflinters yn Nederlân. Dit hat wierskynlik net altyd sa west. Snellen (1867) skriuwt dat deipau-eagen by sommige flechten sjoen wurde, mar soms ek inkele jierren nét. Yn de rin fan de tweintichste iuw waard it ferspriedingsgebiet útwreide en hjoed-de-dei is de soarte in tige algemiene stânflinter dy't oeral sjoen wurdt. De Deipau-each is in swermlustige soarte.

Op de reade list stiet de soarte as net bedrige.

De flinter is werom te kennen oan de opfallende eachplakken dy't op de boppekant fan de wjukken sitte. De wjuklingte is 24-31 mm. De flinter oerwinteret op fochtige en frisse plakken yn beammen en gebouwen.

De fleantiid: juny - winter - juny. Fljocht soms in twa generaasjes.

De rûp kin 40 mm lang wurde. It liif is bedutsen mei swarte en wite stipkes. Ek de toarnen dy't op de kop sitte binne swart. Jonge rûpen libje yn groepen yn spinselnêsten. De folwoeksen rûp libbet allinnich. De rûp groeit yn de foarsimmer en yn geunstige jierren ek in de simmer en neisimmer. It popstadium duorret likernôch trije wike.

De rûp fret fan de Grutte Brânnettel op fochtige en skadige plakken. Ek de planten hop (Humulus lupulus) en Lytse Brânnettel (Urtica urens) kinne fiedsel foar de rûp wêze.

 

De Deipau-each is de iennichste soarte yn it skaai fan de Deipau-eagen. Resint ûndersyk jout oan dat de soarte mûglik net yn in apart skaai hoecht, mar ta de Foskes (Aglais) rekkene wurde kin.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje