Ferskil tusken ferzjes fan "Alkoholisme"

118 bytes lytser ,  3 moannen lyn
L
Bewurkings fan "2405:205:239F:3268:A555:8605:984F:ED10" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Tulp8".
L (Bewurkings fan "2405:205:239F:3268:A555:8605:984F:ED10" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Tulp8".)
Lebel: Weromdraaiïng
 
[[File:Anker Der Trinker 1868.jpg|left|thumb|170px|''De Drinker'', troch [[Albert Anker]] ([[1868]]).]]
 
Alkoholisme is in [[progressive oandwaning]], dy't de slachtoffers yn 'e regel almeast stadichoan bekrûpt, en wat langer wat slimmer wurdt. Faak begjint it mei in "slokje foar de gesellichheid" út en troch, wêrby't meitiid de frekwinsje fan 'e drinkmominten almar tanimt, oant de persoan yn kwestje (of syn om-en-by) op in stuit ta it besef komt dat er net mear (of net mear goed) sûnder alkohol funksjonearje kin. Syn hâlden en dragen sil dan yn hieltyd sterkere mjitte beynfloede wurde troch drank, wat liede kin ta bgl. plichtsfersom, ferwaarleazging (fan bern, húsdieren, ensfh.), opsternatens, [[húslik geweld]] en ûnthâldsstoarnissen. Om as alkoholist wer fan 'e drank ôf te kommen is dreech, mei't men dan, lykas by alle slimme ferslavings, pynlike en tige ferswakjende ûntwenningsferskynsels oerwinne moat<ref>[https://www.ukat.co.uk/alcohol/help-alcoholic-who-has-relapsed/ How to help an alcoholic who has relapsed]</ref>.
 
Eleminten dy't bydrage kinne ta (in hegere kâns op it oanhelle reitsjen mei) alkoholisme binne û.m. jins maatskiplike fermidden, geastlike sûnens, famyljeskiednis, âldens, [[etnyske groep]], geslacht en wurkrelatearre [[stress]]. De [[Wrâldsûnensorganisaasje]] rûst dat der wrâldwiid likernôch 140 miljoen alkoholisten wêze moatte. Tajaan dat men alkoholist is, kin tige dreech wêze fanwegen it [[sosjaal stigma|sosjale stigma]] dat dêroan klibbet, en dat skamte of eangst foar de sosjale gefolgen opropt. Om alkoholisten te helpen is dêrom yn [[1935]] yn 'e [[Feriene Steaten]] de organisaasje ''[[Alcoholics Anonymous]]'' (AA) oprjochte, wêrfan't de namme "Anonime Alkoholisten" bestjut; men hoecht op 'e AA-gearkomsten, dêr't alkoholisten en âld-alkoholisten inoar helpe om fan 'e drank ôf te kommen en te bliuwen, inkeld jins foarnamme te neamen. Fierders binne der ûntwenningskliniken (gauris "ôfkickkliniken" neamd), dy't har spesifyk talizze op it bestriden fan ferslavings oan alkohol en [[drugs]]. Dêrfan is de meast ferneamde wierskynlik de [[Betty Ford Klinyk]], yn [[Rancho Mirage (Kalifornje)|Rancho Mirage]], dy't stifte is troch [[Betty Ford]], de frou fan 'e Amerikaanske presidint [[Gerald Ford]], om't dy sels ek lange tiid alkoholiste wie.
84.780

bewurkings