Domtsjerke fan Feldkirch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 41:
 
== Ynterieur ==
It [[Neogotyk|neogoatyske]] heechalter waard yn 1875 troch Josef Götz boud. Njonken it heechalter steane de 16e-iuwske bylden fan de apostels [[Petrus (apostel)|Petrus]] en [[Paulus]], dy't eartiids yn de Feldkircher Petrus- en Paulustsjerke stiene. Ek ôfkomstich út dy tsjerke is de oan de loftse sydmuorre fan it haadskip steande 16e iuwske byldengroep fan de kroaning fan Marije.
[[File:Dom St Nikolaus, Feldkirch 7.jpg|thumb|left|<center>''Ynterieur''</center>]]
It loftse oan [[Joazef fan Nazareth|Joazef]] wijde sydalter is fan 1878 en boud neffens in ûntwerp fan domfikaris Georg Dengler von Josef Bertsch. It rjochter alter is yn 1521 makke troch de yn 1480 yn Feldkirch berne Wolf Huber, dy't ek de Bewening fan Kristus yn it koer makke. Boppe de koerbanken hingje twa panelen fan Hans Huber. It iene stelt Marije mei hilligen fan it bisdom Chur foar en it oare it Jongste Gerjocht. Hans Huber wie de heit fan Wolf Huber.