Notre-Dame de Reims: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 37:
It meast opfallend oan de katedraal is de mei reliëfs en bylden dekorearre westlike gevel. It is in unyk foarbyld fan heechgoatyske, midsiuwske byldhoukeunst. De beide westlike tuorren mei in hichte fan 81 meter soene oarspronklik noch spitsen oant in hichte fan 120 meter krije. It haadportaal is oan de Jongfaam Marije wijd. Fuort boppe it portaal is noch binnen de goatyske spitsbôge fan it portaal in lytser [[roasfinster]] ynbrocht. Midden yn de westlike gevel is it grutte roasfinster ynbrocht. De galerij fan de kenings boppe it grutte roasfinster toant de doop fan [[Klovis I]] en de bylden fan syn opfolgers.
 
Yn 1870 ferliende [[paus]] [[Pius IX]] de katedraal de status fan ''[[basilica minor]]''. De katedraal rekke slim skeind yn de [[Earste Wrâldkriich]]. Under oaren it houten dak út de 15e iuw gyng folslein ferlern. Yn 1919 waard mei de renovaasje úteinset, dy't 20 jier duorje soe.
 
== Skiednis ==