Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
L red
Rigel 1:
[[File:Penis Insertion 5.jpg |right|thumb|180px|Genitale geslachtsmienskip tusken in [[man (sekse)|man]] en in [[frou]].]]
'''Geslachtsmienskip''' of '''seks''' is it ynbringen fan it [[man (sekse)|manlike]] [[geslachtsorgaan]], de [[penis]] yn [[ereksje]], yn it [[frou]]like geslachtsorgaan, de [[fagina]], omreden fan [[seksueel geniet]], [[fuortplanting]] of beide. In manlike sekspartner wurdt ornaris oantsjut as in '''minner''', en in froulikenien as in '''minneresse'''. Dat binne ferbûgings fan 'minne', in âld [[wurd]] foar '[[leafde]]'. Geslachtsmienskip is de ultime foarm fan [[lichaamlike yntimiteit]] en wurdt tusken twa (of mear) persoanen yn 'e regel ferrjochte om sawol [[minsklik lichem|lichaamlik]] as [[emoasje|emosjoneel]] [[geniet]]. Dit proses draacht gauris yn wichtige mjitte by oan it [[sosjale bining|foarmjen fan bannen tusken minsken]]. Mei [[masturbaasje]] is geslachtsmienskip de meast foarkommende seksuëleseksuele aktiviteit ûnder [[minske]]n. Meastal duorret geslachtsmienskip mar in stikmannich [[minút|minuten]] en it [[orgasme]] dat dertroch berikt wurdt in oantal [[sekonde]]n.
 
Geslachtsmienskip stiet ek wol bekend as '''faginale seks''', ta ûnderskie fan [[orale seks]] (wêrby't de penis yn 'e [[mûle]] ynbrocht wurdt) en [[anale seks]] (wêrby't de penis yn 'e [[anus]] ynbrocht wurdt). Ek sprekt men wol fan '''genitale mienskip''' of '''genitale seks''' (seks troch gebrûk fan 'e [[geslachtsdielen]]) yn tsjinstelling ta [[anogenitale mienskip]] (seks wêrby't in geslachtsdiel kontakt makket mei de anus). Oare soarten [[seksuëleseksuele penetraasje|penetrative seks]] wêrby't de fagina in rol spilet, binne [[fingerjen]] (wêrby't ien of mear [[finger]]s yn 'e fagina ynbrocht wurde), [[kunnilingus]] (in foarm fan orale seks wêrby't mooglik de [[tonge]] yn 'e fagina ynbrocht wurdt), [[dûbele penetraasje]] (wêrby't faginale seks kombinearre wurdt mei anale seks) en it gebrûk fan [[seksboartersguod]], yn 't bysûnder fan in [[dildo]] of keunstpenis.
 
==Synonimen==
[[Synonym|Synonimen]] foar geslachtsmienskip binne '''geslachtlike mienskip''', '''geslachtsferkear''', '''geslachtsdie(d)''', '''fleislike mienskip''', '''seks''', '''seksueel kontakt''', '''seksuëleseksuele omgong''', '''omgong''', "'''de die'''", '''koïtus''' (fan it [[Latyn]]ske ''coitus'', "gearkomste"), '''kopulaasje''' (fan it Latynske ''copulatio'', "ferbining" of "feriening") of (by [[bist]]en) '''pearing'''. Byhearrende [[tiidwurd]]en binne: '''besliepe''', '''bekrûpe''', '''berêde''', '''heevopje''', '''op-en-delderje''', '''ta immen komme''', by bisten '''pearje''' of '''djoeie''' en yn [[bibel]]ske sin '''immen kenne'''. Ut 'e [[sprektaal]] binne fierders noch ferskate as minder [[fatsoen]]lik beskôge tiidwurdsfoarmen bekend, lykas '''neuke''', '''wippe''', '''krikke''', '''krikkrakje''', '''pompe''', '''joepe''', '''jûpse''', '''jûtse''', '''útride''' en '''útwenje'''. [[Eigenskipswurd]]like foarmen dy't by geslachtsmienskip hearre, binne '''geslachtsmienskiplik''' en '''koïtaal'''. As men foar de earste kear geslachtsmienskip hat, sprekt men fan in [[ûntfamming]]. Geslachtsmienskip tusken trije dielnimmers hjit in [[trio (seksualiteit)|trio]]; as der fjouwer of mear dielnimmers by belutsen binne, sprekt men fan [[groepseks]]. It ôftwingen fan geslachtsmienskip tsjin 'e wil fan ien fan 'e partners hjit [[ferkrêfting]].
[[File:Lion sex.jpg|left|thumb|250px|De pearing fan twa [[liuw]]en.]]
 
==Proses==
Geslachtsmienskip kin plakfine binnen in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]], lykas in [[houlik]], [[ferloving]], [[registrearre partnerskip]], [[gearwenjen]], [[losse relaasje]], [[românse]] of [[ferkearing]], mar it kin ek foarkomme dat minsken inoar [[fersieren (seksualiteit)|fersiere]] mei de spesifike bedoeling om ien [[nacht]] seks mei-inoar te hawwen en inoar dêrnei nea wer te sjen. Soks hjit in [[onenightstand]]. By [[bist]]en fynt geslachtsmienskip faak yn in fêste tiid fan 't jier plak, de saneamde [[peartiid]]. By minsken wurdt geslachtsmienskip ornaris foarôfgien troch in [[foarspul (seksualiteit)|foarspul]] dat de partners [[seksuëleseksuele opwining|seksueel prikelet]] en harren lichems tariedt op geslachtsferkear: de [[penis]] fan 'e [[man (sekse)|man]] wurdt [[ereksje|stiif]] en jout [[foarfocht]] ôf, en de [[fagina]] fan 'e [[frou]] wurdt fochtich troch de ôfskieding fan [[faginaal focht]]. Sawol foarfocht as faginaal focht is in natuerlik [[glydmiddel]].
[[File:Deveria04.jpg|right|thumb|200px|In print út 'e [[19e iuw]] fan in pearke dat geslachtsmienskip hat (troch [[Achille Devéria]]).]]
 
Rigel 26:
Foar geslachtsmienskip yn 'e [[biology]]ske sin (fan 'e earste stap fan 'e [[fuortplanting]]) is it net nedich dat de frou in orgasme berikt. Sterker noch, iuwenlang wie de [[genêskunde|medyske wittenskip]] derfan oertsjûge dat froulju gjin orgasme krije koene. Pas yn 'e [[njoggentjinde iuw]] waard it tsjindiel oantoand, mar noch altyd wurde froulju wol foarsteld as lju dy't geslachtsmienskip duldsum ûndergeane om harren gleone manlike partner te geriivjen, of dy't harren gleone manlike partner op in houtsje bite litte ("No net, skat, ik haw pineholle").
 
Dizze foarstelling fan saken is besiden de wierheid. Der sille grif froulju wêze dy't net fan geslachtsferkear hâlde, mar de measten genietsje der perfoarst teminsten likefolle fan as manlju. Yn dit ramt sei [[seksuolooch]] [[Jelto Drenth]] yn [[2016]] yn in [[fraachpetear]] mei de ''[[Ljouwerter Krante]]'': ''"As ik op 'e sprekoere in troud pear krij fan wa't de iene partner in soad sin oan seks hat en de oare net, dan is dejinge dy't in soad sin hat meastal de frou."''<ref>{{Aut|Laan, Mannus van der}}, ''"Seks Is een Kinderspelletje"'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 10 desimber 2016, ''Sneon en Snein'', s. 28-29.</ref> Wol hawwe froulju faak ferlet fan mear [[seksuëleseksuele stimulaasje]] as manlju om in orgasme te berikken: 70-80% binne dêrta direkte stimulaasje fan 'e klitoris nedich. As it harren de muoite net wurdich is, [[simulearre orgasme|simulearje se soms in orgasme]]. As se wol wier in orgasme hawwe, kinne in protte froulju dêrby ek in [[froulike ejakulaasje]] (''squirting'') belibje, wêrby't lichemseigen floeistof troch de [[para-uretrale klieren]] yn in ritmysk ta- en ôfnimmende striel fia de [[urinebuis]] útdreaun wurdt.
[[File:Édouard-Henri_Avril_(14).jpg|left|thumb|280px|Geslachtsmienskip yn 'e [[cowgirl (seksposysje)|cowgirl]]posysje (troch [[Édouard-Henri Avril]]).]]
 
Rigel 50:
 
==Seksueel oerdraachbere oandwanings==
Guon [[sykte]]n kinne troch geslachtsferkear fan persoan op persoan oerdroegen wurde. Datsoarte [[krupsje]]s wurde [[geslachtssykte]]n of [[seksueel oerdraachbere oandwaning]]s neamd. As men frije seksuëleseksuele kontakten hat, d.w.s. mei mear as ien persoan yn koarte tiid geslachtsmienskip hat, wurdt men sterk oanmoedige om dêrby in [[kondoom]] te brûken. Dat jildt ek as men fan jinsels wit dat men neat ûnder de leden hat, want fan jins sekspartner kin men dêr nea wis fan wêze. Geslachtsferkear dêr't men jin troch it gebrûk fan in kondoom by beskermet tsjin seksueel oerdraachbere oandwanings wurdt [[feilige seks]] neamd, yn tsjinstelling ta [[ûnfeilige seks]], wêrby't men de risiko's fan it krijen fan sokke sykten foar leaf nimt. De meast foarkommende seksueel oerdraachbere oandwanings binne [[gonorroe]], [[klamydia]], [[syfilis]], [[sjankroyd]] en [[HIV]]/[[AIDS]], wêrfan't de lêste [[dea]]dlik wêze kin. [[Hepatitis&nbsp;B]] kin, hoewol't it ornaris net as in geslachtssykte beskôge wurdt, ek troch geslachtsmienskip oerdroegen wurde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=