Gearwenjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
synonimen
 
Rigel 1:
'''Gearwenjen''' (ek: '''gearlibje, hokje, húzje''') yn 'e [[sprektaal]] yn it [[Frysk]] oer it algemien oantsjut mei de [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]] '''samenwenjen''', is in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjefoarm]] wêrby't twa [[persoan]]en as partners ien [[wente]] brûke en in [[húshâlding]] foarmje. Ymplisyt is dêrby dat it tusken dy persoanen giet om in ([[seks]]uële) [[leafde]]srelaasje. As in [[âlder]] en in [[bern (persoan)|bern]], of as twa [[freonskip|freonen]] in hûs en húshâlding diele, sprekt men dêrom net fan gearwenjen, mar fan in [[ienâldergesin]], resp. [[húsgenoat]]en. Fierders wurdt de term 'gearwenjen' ornaris opfet as 'gearwenjen sûnder [[troud]] te wêzen', en wurdt sadwaande ek fan [[troude pearen]] yn 'e regel net sein dat se gearwenje, om't dat normaal sprutsen yn it troud wêzen besletten leit.
 
Oarspronklik wie de betsjutting fan it begryp gearwenjen oars: oant de [[1950-er jierren]] waard dermei ferwiisd nei it by inoar yn ien wente wenjen fan twa of mear persoanen dy't gjin leafdesrelaasje hiene. Tsjintwurdich is foar sa'n wensitewaasje de term '[[wengroep]]' yn gebrûk. Hie men wol in leafdesrelaasje, dan koe men inkeld byinoar wenje as men troud wie, oars waard it [[maatskiplik]] net akseptearre en kaam der in [[skandaal]] fan. Yn guon [[maatskiplike klasse|maatskiplike fermiddens]] wie [[trouwen oer de putheak]], dat fierhinne delkaam op gearwenjen, wol akseptearre, mar dan moast men jin ek [[hâlde en drage]] as wie men troud. Gearwenjen yn 'e moderne betsjutting kaam fan 'e [[Seksuële Revolúsje]] fan 'e [[1960-er jierren]] ôf yn [[Nederlân]] hieltyd mear foar. Yn 't earstoan waard dêrfoar (troch tsjinstanners) ek wol de delbûgende beneaming 'gearhokken' brûkt. Hoewol't gearwenjen yn 'e [[Westerske wrâld]] tsjintwurdich hiel gewoan is, leit der yn beskate [[lannen en territoaria|lannen]], [[kultuer]]en en [[groep (sosjology)|mienskip]]pen (wêrûnder ek guon [[allochtoan]]e en swier [[kristlik]]e mienskippen yn Nederlân) noch altyd in [[taboe]] op.