Wynpark Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Windpark Fryslan kaart.jpg|thumb|It plak fan Wynpark Fryslân]]
'''Wynpark Fryslân''' is in [[wynmûnepark]] dat boud wurdt yn yn it [[Fryslân|Fryske]] part fan de [[Iselmar]]. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze .
 
'''Wynpark Fryslân''' is in [[wynmûnepark]] dat boud wurdt yn yn it [[Fryslân|Fryske]] part fan de [[Iselmar]]. De bou fan it wynpark waard begjin 2019 mei útein set en sil yn 2021 klear wêze .
 
== Lizzing ==
Line 8 ⟶ 6:
 
==Technyk==
It park sil bestean út 89 [[wynturbine]]s mei in fermogen fan 4,3 [[megawatt]] (MW) it stik. De wynturbines hawwe in ashichte fan 109 meter, in tiphichte fan 174 meter en de [[diameter]] fan de rotorblêden is 130 meter. It totale produksjefermogen komt dêrmei op 382 MW, genôch om 400.000 húshâldings fan [[elektrisiteit]] te foarsjen. De stroom fan it wynpark komt oan lân by it transformatorstasjon op de Breesândyk. Dêrwei wurde kabels nei Boalsert oanlein, dêr't it oansletten wurdt op it Fryske heechspanningsnet fan [[TenneT]].
 
De bouopdracht waard gund oan in kombinaasje fan baggelbedriuw [[Van Oord]] en [[Siemens Gamesa Renewable Energy]] (SGRE). Van Oord soarget foar it ûntwerp, de fabricage en de installatie van de fundaties en de kabels van het windpark en levert ook het materieel voor de installatie van de turbines. SGRE is verantwoordelijk voor het ontwerp, de fabraazje, it yn it wurk bringen fan de turbines en it tuskenstasjon op lân.
 
Foar de oanlis sil besuden de Ofslútdyk by [[Koarnwertersân]] in wurkeilân fan twa hektare oanlein wurde. Wannear't de bou klear is wurdt dat in natuergebiet.
 
== Beswieren ==
Yn july 2018 hat de Ried fan Steat beswieren fan in oantal organisaasjes, ûnder oaren de [[Iselmarferiening]] en [[It Fryske Gea]], ûnbegrûne ferklearre. De IJsselmeervereniging siet benammen yn noed oer de fersteuring fan de fûgeltrek en dat fûgels troch de wjukken rekke wurde kinne. It fuortbestean fan beskerme soarten, lykas de [[wytstirns]] en [[blaustirns]] yn it Iselmargebiet, wurdt dêrtroch bedrige. Neffens de Ried fan Steat binne der lykwols gjin grutte neidielige gefolgen foar de rekreaasjefeart en wurde de natuerlike skaaimerken fan it gebiet net oantaast troch it park.
== Webstee ==
* [https://www.windparkfryslan.nl/ www.windparkfryslan.nl]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch [[:nl:Windpark Fryslân]]
}}
 
[[Kategory:Wynpark yn Fryslân]]