Uny fan de Kroanen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|[[Jakobus VI fan Skotlân]] De '''Uny fan de Kroanen''' (Ingelsk: ''Union of the Crowns'', Skotsk: ''Union o the Crouns'', Skotsk-G..."
 
LNo edit summary
Rigel 2:
De '''Uny fan de Kroanen''' ([[Ingelsk]]: ''Union of the Crowns'', [[Skotsk]]: ''Union o the Crouns'', [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Aonadh nan Crùintean'') wie de [[kroaning]] fan kening [[Jakobus VI fan Skotlân]] as kening Jabobus I fan [[Keninkryk Ingelân|Ingelân]] en [[Keninkryk Ierlân|Ierlân]] op [[24 maart]] [[1603]] en de feriening fan de trije keninkriken ûnder ien [[monarch]]. De Uny fan de Kroanen folge nei it ferstjerren fan de nicht fan Jakobus, keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân]], dy't de lêste monarch fan it [[Hûs Tudor]] wie.
 
De Uny fan de Kroanen wie in [[personele uny]] dêr't de [[Keninkryk Ingelân|kroan fan Ingelân]] en de [[Keninkryk Skotlân|kroan fan Skotlân]] selsstannich by bleaune. Jakobus neamde himsels "kening fan Grut-Brittanje" en besocht ferskate kearen de keninkriken te ferienjen. Dat waard lykwols tsjinholden troch de beide parleminten fan Ingelân en Skotlân. Yn it midden fan de [[santjinde iuw]] wie der tydlik in republyk ûnder lieding fan [[Oliver Cromwell]], dy't it [[Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân]] stifte. Dy republyk einige mei de [[Restauraasje fan it Hûs Stuart]] yn [[1660]] ûnder kening [[Karel II fan Ingelân|Karel II]]. Nei de ''[[Acts of Union 1707]]'' waarden de keninkriken Ingelân en Skotlân feriene ûnder de lêste monarch fan it [[Hûs Stuart]], keninginne [[Anne fan Grut-Brittanje|Anne]], ta it [[keninkryk Grut-Brittanje]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=