Swazylân: ferskil tusken ferzjes

L
(+ commons)
L (→‎Skiednis: [[]])
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Mantenga Falls.jpg|thumb|left|280px|''Mantenga Falls'']]
Ut [[archeology]]ske fynsten docht bliken dat der al minsken yn Swazylân wennen yn de iere [[stientiid]], sawat 200.000 jier lyn. De [[prehistoarje|prehistoaryske]] rotsskilderingen[[rotsskildering]]en dy't fûn binne stamme út om-ende-by 25.000 f.Kr.
 
De ierste ynwenners dêr't de komôf dúdlik fan is, wienen de [[Koisan]] jager-samlers. Dat folk soe troch de komst fan [[Bantû]] stammen foar it meastepart ferdreaun wurde. Iere bewizen fan lânbou en it brûken fan [[izer]] datearre fan de [[4e iuw]] en de foarâlden fan de hjoeddeistige [[Sotho (taal)|Sotho]] een [[Nguny (taal)|Nguny]] sprekkers begûn har net letter as de [[11e iuw]] yn Swazylân te fêstigjen.