Wesermarsch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 54:
Westlik fan de mûning fan de Weser ûntstie it [[Goa (krite)|goa]] [[Rjustringen]], wêrfan't it eastlike diel tsjintwurdich it noarden fan Wesermarsch foarmet. De bewenners setten sûnt de 10e iuw útein mei it bedykje fan harren fruchtbere grûn. De yn de 11e iuw boude tsjerken yn Rjustringen tsjûgje fan wolstân. Yn de midsiuwen feroarsaken slimme wetterfloeden grutte feroarings yn it ferrin fan de kust. It besykjen fan de greven fan Aldenbruch om it noardlike diel fan Wesermarsch ûnder harren kontrole te krijen mislearren ynearsten. Pas yn 1514 wist in grut feriene leger fan Aldenburch en Brunswyk yn de Slach by de Hartwarder Skâns yn de omkriten fan Rodenkirchen de Friezen fan Wesermarsch te ûnderwerpen.
 
Oer de skiednis fan de iere midsiuwen fan [[Stedingen]] is net in soad bekend. Yn 783 krige biskop [[Willehad]] de opdracht om it [[evangeelje|bliid boadskip]] yn de kustgebieten westlik fan de Weser te bringen. De Bremer aartsbiskop [[Adalbert fan Bremen|Adalbert]] liet him yn 1062 it net-bewenne gebiet tusken Aldenburch en Bremen as besit oerdrage. Nei 1062 waard Stedingen stadichoan wer befolke. Ynearsten stiften [[Saksen (folk)|Saksen]] nije delsettings oan de Weser boppe de Huntemûning en oan de [[Ollen]]. Sûnt 1106 waard folk út it tsjintwurdige Nederlân nei Stedingen helle foar de [[ûntginning]] fan it gebiet. Hja krigen privileezjes, dy't te ferlykjen wiene mei dy fan de yn de noardlike delsettingsgebieten fan de Friezen.
[[File:Hartwarder Landwehr Gedenkstätte.JPG|thumb|left|250px|''It Friezenmonumint yn Rodenkirchen'']]
De ûntginning brocht wolfeart, mar de greve fan Aldenburch en de aartsbiskop fan Bremen woene dêr ek finansjeel fan mei profitearje. De aartsbiskop easke tsjienden, mar de boeren fan Stedingen wegeren dy ôf te dragen. Ynearsten wisten de Friezen harren súksesfol te warjen, mar yn 1230 liet de aartsbiskop de bewenners ta [[ketter]]s ferklearje, itjinge yn de jierren 1233 en 1234 ta in krústocht tsjin de Friezen liede. De aartsbiskop krige help fan Aldenburch, Brabân, Flaanderen en Hollân en in ûnbidich grut leger teach op tsjin de Friezen, dy't yn 1234 by de [[Slach by Altenesch]] harren frijheid ferlearen.