Death Wish (filmsearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 32:
==''Death Wish'' (1974)==
{{Apart|Death Wish (film út 1974)}}
Yn ''Death Wish'' is Paul Kersey ([[Charles Bronson]]) in [[feteraan]] dy't as [[hospik]] yn 'e [[Koreaanske Oarloch]] tsjinne hat en no as [[arsjitekt]] yn [[New York (stêd)|New York]] wennet. Op in dei wurde syn [[oarehelte|frou]] Joanna ([[Hope Lange]]) en syn [[troud]]e [[dochter]] Carol ([[Kathleen Tolan]]) by Kersey [[hûsfredebrek|thús oanfallen]] troch in stikmannich jonge [[krimineel|kriminelen]] dy't har foardogge as de besoargers fan 'e [[boadskippen]] fan 'e pleatslike [[supermerk]]. Se [[mishanneling|slane]] Joanna hielendal yninoar en [[ferkrêfting|ferkrêftsje]] Carol foar't se útnaaie. Joanna komt letter oan har [[ferwûning]]s te [[ferstjerren]], wylst Carol [[sljochtsinnich]] rekket en yn in [[katatony|katatoanyske steat]] bedarret.
 
It [[libben]] fan Kersey wurdt sa folslein ferwoastge. As de [[plysje]] de dieders net fine kin, set er sels mei in syktocht útein. Hy [[wapen|bewapenet]] himsels en begjint [[nacht]]s oer de [[strjitte]] te gean om himsels as lokies te brûken. De kriminelen dy't him tenei komme, sjit er [[dea]]. Troch as [[figilante]] eigenhandich foar [[rjochter]] en [[boal]] te spyljen, kriget Kersey sels de plysje efter him oan, yn 'e persoan fan [[resjersjeur]] Frank Ochoa ([[Vincent Gardenia]]). ''Death Wish'' waard [[regissearre]] troch [[Michael Winner]] nei in [[senario]] fan [[Wendell Mayes]]. De film gie op [[24 july]] [[1974]] yn [[premiêre]], en brocht [[$]]22 miljoen op tsjin in [[budget]] fan $3,7 miljoen.
 
==''Death Wish II''==