De Friezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 33:
Sûnt syn ferfarren fanút Hollân nei [[Drylts]] besocht Flip van Doorn te begripen wêr’t hy bedarre wie. Op ‘e siik nei antwurden makke hy alve tochten troch Fryslân en fier dêrbûten. Yn plakken as [[Warns]], [[Allardseach]] en [[Rinsumageast]], mar ek fier bûten Fryslân yn Rome, de [[Alpen]] en it Dútske Waadgebiet stjitte hy op spoaren fan de Friezen en harren mytyske [[Fryske Frijheid]]. Yn it boek fertelt Van Doorn syn eigen ferhaal fan it Fryske folk wêrfan de oarsprong en ynfloed fier foarby de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân rikke. Net- Friezen jout hy in ynkykje yn dat bûtengewoane stikje Nederlân, en tagelyk hâldt hy de Friezen in spegel foar wêryn ’t se harsels weromkenne: ‘’tsjin de tried yn en tsjinstridich, kreatyf en konservatyf, ûnseker en selsbewust, iepen en sletten, en dat allegear tagelyk’’.
 
Yn alve haadstikken reizget Van Doorn op syn alve-en-tritichst troch Fryslân, in ferwizing nei de alve Fryske stêden en de tritich [[gritenij]]en. Troch syn pake fielt Flip him foar in kwart Fries, mar bliuwt dochs inwat relativein bûtensteander. It skilt wol dat er it Frysk goed ferstiet en dat er dêrtroch de Friezen goed observearje kin, mar it sit him al wat dwers dat hy ûndanks alle taallessen dochs oansprutsen wurdt op syn skoalske Frysk. By de beskriuwing fan Fryske stêden giet de oandacht fan Van Doorn út nei stânbylden, museums en muorreteksten. Dêrbûten hat er omtinken foar it lânskip mei syn wetter, terpen, kwelders, stinzen, greidefûgels en it gea.
De linen mei it ferline spylje in grutte rol yn it boek. Sa reizget er nei plakken dy’t neamd wurde yn de stambeam dy’t er mei help fan ynternet makke hat. It boek giet oer besteande plakken en oer ferhalen fan echte minsken en wurdt ûnderboud mei safolle mooglik feitemateriaal. Hy makke in kar út alles wat er tsjinkaam en keas syn eigen ferhaallinen omdat lang net alles ferteld wurde koe.
 
Rigel 39:
 
;Wurden: ''Ljouwert''
De pake fan Van Doorn hie him yn 1930 út Dokkum wei ta wenjen setten yn it Súd-Limburchske Heerlen, omdat dêr wol wurk wie foar in skoalmaster. Dêr troude pake Rintjema mei in Limburchske frou. De grutske ûnwennigens nei it ‘heitelân’ joech hy letter troch oan syn pakesizzers, middels in soad Fryske wurden en in ûnferjitlike treinreis nei Ljouwert dêr’t se nei it [[Frysk Museum]] soene. Mar earst woe hy syn pakesizzers it stânbyld fan syn mem sjen litte. In moarntiid lang tocht de tolvejierrige Flip dat syn beppe sa ferneamd wie dat de Friezen har earden mei in brûnzen byld yn harren haadstêd. Mar it blykte te gean om in ko: [[Us Mem]]. Fryske wurden koe er fan nammen en útdrukkings. Mei in stedswanneling lâns gebouwen, poëzijtablo’s en beslút er om út Ljouwert wei it ferburgen Frysk eigene te ûntdekken. Ljouwert wurdt syn fertrekpunt omdat dêr de treinspoaren gearrine. By syn ferkenning fan Ljouwert spylje teksten in rol, bygelyks de wurden fan [[Piter Jelles Troelstra]] dat ‘it libben om ús hinne leit’.
 
; Spoaren: ''Ljouwert-Dokkum''
Rigel 51:
 
; Pylgerreis: ''Jirnsum - Rome''
De tsjerke fan Drylts is wijd oan de hillige Mauritius fan Agaunum, krektas de tsjerken fan [[Jirnsum]]. Jirnsum is blikens it monumint [[Jirnsumer Moeting]] ûnderdiel fan it [[Jabikspaad]]. By Jirnsum moetsje de paden út [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] yn in Y-foarm foar pylgerpaden nei Santiago de Compostella en Rome. De kleastermoppen fan it byld komme út de samling fan de Jirnsumer Loadewyk Damsma. De rest fan syn samling skonk Damsma oan de [[Friezetsjerke]] yn Rome. Yn de [[Slach oan de Boarn]], ek wol [[Slach by Jirnsum]], fûnen Poppo en hûnderten fan syn mannen in wrede dea en sneuvele ek de Fryske ûnôfhinklikheid. Van Doorn beslút it paad te folgjen nei de Friezetsjerke yn Rome. It paad giet oer it pleisterplak en krúspunt fan pylgerpaden Saint-Maurice yn Switserlân. De moar Mauritius út it Romeinske leger wegere it swurd op te nimmen tsjin mei-kristenen en waard dêrom ûnthalze. Letter waard hy hillich ferklearre en waard yn Saint-Maurice in abdij oan him wijd. De hillige Mauritius soe de beskermhillige wurde fan pylgers dy’t op Rome reizgen. Yn Rome hiene Fryske pylgers in eigen plak: de Friezetsjerke. Yn in muorre fan de Friezetsjerke wurde Fryske plakken neamd en binne kleastermoppen ynmitsele út plakken dêr’t tsjerken oan Mauritius wijd binne as [[Feinsum]], [[Janum]], [[Dokkum]], [[Rinsumageast]] en Drylts.
 
; Hannelsreis: ''Rome - Ljouwert''
Troch de ferliening fan it Karelsprivileezje koene Fryske hannelers as frije Friezen maklik troch it Hillige Roomske Ryk reizgje. Sa reizgen hannelers út Drylts ek oer de Alpen yn Switserlân. De bewenners fan de oerkantons foarmen in Eedgenoatskip dat fergelykber wie mei de Fryske frijheidsprivileezjes, sadat yn dy kantons de hannel bloeide. De frijfochten Switsers út de oerkantons beskôgje de Friezen as harren Väter. Wylst hiel Europa suchte ûnder feodaal bestjoer, wiene de Friezen in folk sûnder feinten of masters. In ljochtsjend foarbyld foar de Switsers, dy’t doe kreundenkroonden ûnder it jok fan de Habsburgers. De ynwenners fan it Haslital, net fier fan Altdorf, beweare noch altiten fan Frysk komôf te wêzen. En Van Doorn reizget fierder, nei de oarsprong fan de Ryn. Want dêr leit ek de oarsprong fan Fryslân: it iuwenlang troch de Ryn meifierde sedimint ‘De kalkrike klaai fan de gieltsjes dêr’t Friezen harren pleatsen mei bouden en hiemen befluorren, de readbakkende klaai fan de kleastermoppen, de fette seeklaai dêr’t se harren jirpels yn ferbouden – allegear komme se út dit heechberchtme.’
 
; Wetterskieding: ''Kreileroard - Warns''
De wetterskieding yn Frisia mei West-Fryslân waard foarme troch de rivier it Fly. West-Fryslân lei as in soarte stapstien tusken Hollân en Fryslân. Oer de striid om it gebied spilet de myte fan kening Redbad in grutte rol. Troch stoarmfloedrampen sloegen stikken lân fuort en sa waard de ôfstân hieltyd grutter. Nei de [[Slach by Warns]] waard de skieding mei [[West-Fryslân]] definityf en kaam West-Fryslân ûnder ynfloed fan de greven fan Hollân.
 
; Macht: ''Burhave - Brongergea''
Rigel 63:
 
; Wetterwegen: ''Amsterdam – Easterlittens''
De hannelers tusken Amsterdam en Drylts reizgen oer de Sudersee. Earst oer Starum, mar sûnt de achttjinde iuw oer [[De Lemmer]]. It Wouda- en Hooglandgemaal hâlde Fryslân droech op Frysk Simmerpeil, 66 sintimeter ûnder NAP. De ekonomyske groei gie net hurd en Fryske doarpen hawwe dêrtroch in soad eigens behâlden, lykas [[Molkwar]] en [[Hylpen]]. Eartiids gie hast alle ferfier oer wetter en winterdeis oer iis. De toeristen wurdearje de ûnoantaaste romte en de wettersport makket gebrûk fan de ynfrastruktuer fan wetterwegen. Wol wurdt it lânskip oantaasten troch grutskalige lânbou. Dochs blike Friezen neffens ûndersikers it lokkichst te wêzen fan fan alle Nederlanners. Om mei [[Jopie Huisman]] syn wurdearring foar it gewoane. Van Doorn folget fierder de trekfearten en riedt Friezen oan om ekris oer te grins te sjen om trochkrongen te reitsjen fan de wielde yn eigen provinsje.
 
; Foarmjûn lânskip: ''It Oranjewâld – It Amelân''
De âldste spoaren fan bewenning fan Noard-Nederlân lizze yn útrinners fan it Drintsk Plato en dêrmei yn it súdeasten fan Fryslân. It âlde lânskip waard yn de achttjinde iuw op grutte skaal nei de hân fan de minsken set. Neist de oanlis fan bûtenpleatsen soarge de turfgraverij, ûntginning en ruilferkaveling foar rjochte linen yn it kultuerlânskip. De kwelders toanden deselde strakke en rjochte patroanen fan lânoanmeitsjen. Lykas it lânskip keunstners beynfloedet, sa toane keunstners harren fizy op it lânskip. De natuerlike lânskippen fan skilders as [[Gerrit Benner]] en [[Ids Wiersma]] makken plak foar strakke en abstrakte wurk fan [[De Ploeg]]. Keunstners as [[Louis le Roy]] en [[Claudy Jongstra]] keazen foar gearwurking mei de natoer. Troch festêdliking, de oanlis fan diken en spoaren en skaalfergrutting en it brûken fan keunstdong kaam de natoer mear en mear ûnder druk te stean. De hoantsen en gereidefûgels as ljippen en skriezen hiene gjin kâns yn in monokultuer mei dêrtusken lytse stikjes oerbleune natoergebieten fan [[It Fryske Gea]].
 
; Hert: ''Ljouwert – Ljouwert''
Mei in boat ferkent Van Doorn de oerbliuwsels fan de eardere [[Middelsee]] dy’t as in soarte trachter Fryslân ynrûn. Hy besiket foar eagen te krijen hoe’t it lânskip fan [[De Swette]] en [[de Boarn]] der eartiids útsjoen moatten ha foar de ynpolderingen en de rekreaasje. Van Doorn hat sneupt nei de essinsje fan de Friezen en harren frijheid, nei de oarsprong fan de stânfêstens, ûnôfhinklik en sin foar lykweardigens dy’t oan harren taskreaun wurde. Nei harren gewoante om harren bern noch altyd tradisjoneel Fryske nammen te jaan en nei harren taal. De feroarings yn Fryslân kamen altyd fan bûtenôf. It wurdt Van Doorn dúdlik dat Fryslân bestiet út in grut tal farianten yn taal, gebrûken en mienskippen. De ienheid bestiet benammen út komponinten mei in eigen karakter. De eartiidsjke selsredsumheid en frijheid fan de terpen hat plak makke foar in yndustrialisearre en mondiaal feriene mienkip. It ferline wurdt bewarre troch [[Tresoar]] en it [[Frysk Museum]]. Van Doorn beslút dat er de Fries yn himsels net langer sykje moat yn it ferline fan de foarâlden, mar yn de takomst en it besef diel út teete meitsjen fan de mienskip en dat er de frijheid hat om te gean en te stean wêr’t er wol.
 
; Neiwurd