Jirnsumer Moeting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 45:
== Oer it byld ==
De Jirnsumer Moeting is opboud út twa muorren fan mitsele [[âlde friezen]]. Fan dizze grutte bakstiennen waarden yn de midsiuwen de Fryske tsjerken en [[stins|stinzen]] boud. Dy âlde friezen foar it tinkteken komme út sa 'n 350 Fryske kleasters en tsjerken, boud yn de perioade 1200 oant 1500. Op in ynformaasjeboerd stiet oanjûn wêr’t elke stien weikomt. De kleastermoppen foar it monumint waarden by elkoar brocht troch de Jirnsumers Loadewyk en Yge Damsma (1921-2010), dy’t fan it samljen syn libbenswurk makke ha. <ref>[http://www.irnsum.nl/vertelplekken/nh-kerk/ webside fan Jirnsum]</ref> Damsma (1921-2010). In oar diel fan harren samling kleastermoppen is ferwurke yn de [[Friezetsjerke]] yn Rome.<ref>[https://www.santiago.nl/jacobalia/pelgrimsmonument/ santigo.nl]</ref>
Krekt alsKrektas de twa paden dy't by inoar komme, slute de beide mitsele muorredielen op inoar oan. Fan boppen besjoensjoen liket it oft twa wegen as in ritssluting gearrinne om as bredere wei fierder te gean.
 
Yn [[2010]] is it pylgermonumint de ''Jirnsumer Moeting'' by it Jabikspaad ûntbleate. De ûntbleating barde op 5 juny 2010 wie tsien jier nei de iepening fan it Jabikspaad. By de ûntbleating lei oer it monumint in grut wyt kleed mei it opfallend blauwe krús fan Jirnsum. Yn de mande mei in tal opfallend klaaide pylgers helle de Fryske deputearre Hans Konst de kleden fan it monumint en fan it ynformaasjepaniel. Steande op it monumint waard troch 'pylger' Jan Romkes van der Wal in mytysk pygerferhaal ferteld.
 
== Symboalysk ==
Rigel 62:
== Stimpel ==
Fan de Jirnsumer Moeting is troch de tekener fan de [[Fryske Rie foar Heraldyk]] Jelle Terluin, in Jirnsumer ‘Moetingsstimpel’ makke, dy’t Jabikspaadrinners op harren stimpelkaart krije kinne. Op de Jirnsumer stimpel stiet it mitsele muorke sintraal, wylst it Mauritiuskrúske út it wapen fan Jirnsum dêr boppe ôfbylde stiet. Tusken de beide muorredielen en dêrûnder de Sint Jabiksskulp en de wulk fan it Jabikspaad, as symboalen fan de pylgers of rinners. Yn it râneskrift stiet: ‘’Jirnsumer Moeting. De fuotstappen yn 'e râne wolle oanjaan dat it in kuierpaad is, hoewol 't ek op de fyts dit paad te gean is’’.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
----
<references/>
}}
 
[Kategory:Monumint yn Ljouwert]]
[[Kategory:JirnsumMonumint yn Ljouwert]]
[[Kategory:Bouwurk út 2010Jirnsum]]
[[Kategory:MonumintBouwurk ynút Ljouwert2010]]