Ketikoti: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
IPA-transliteraasje tafoegt
No edit summary
Rigel 19:
 
It ''[[Nationaal Instituut Nederlands Slavernijverleden en erfenis]]'' (NiNsee) organisearret alle jierren yn de moanne juny in programma om Ketikoti hinne, mei ûnder oare de 'Ketikoti Lêzing'. Op 30 juny 2020 hold [[Karwan Fatah-Black]] dy lêzing yn Pakhuis de Zwijger. Hy ferhelle doe oer de Haïtiaanske Revolúsje yn 1791, dy't in soad ynfloed hie op de ynfolling fan slavernij en it boargerskip yn de iere 19e iuw, en dy't ek de ynspiraasjeboarne wie fan de opstannen yn in protte oare slavekoloanjes, lykas dy op [[Kurasau]] yn 1795 en hoe't dy revolúsje amper omtinken yn Nederlân krijt.
 
Yn 2021 bea de Amsterdamske boargemaster [[Femke Halsema]] op de dei fan de fiering fan Ketikoti "ekskús" oan, út namme fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, foar de rol fan de stêd yn de skiednis fan de slavernij.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=