Emiel Stoffers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
LNo edit summary
Rigel 13:
| berop/amt = sjonger, tekstskriuwer, gitarist
| aktyf as =
| jierren aktyf = sûnt 1975± 1997
| reden bekendheid = sjonger, byldzjend keunstner
| bekendste wurk(en) =
| prizen = [[Bernlefpriis]] (2014)
| webside =
}}
Rigel 23:
Stoffers groeide op as soan fan in feekeapman yn East-Grinslân en ferhuze nei [[Kollumersweach]] doe't er fjouwer jier wie. Hy wie al gau mei muzyk en fermaak dwaande. As njoggenjierrich skoaljonkje die er as Ingelske punkband ''Toy Dolls'' mei oan in playbackshow. Dêrnei stie er faker op it poadium en geniete fan toanielstikjes, mar ek fan sprekbeurten. Op syn santjinde jier kaam er yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] op himsels te wenjen. Yn de Ljouwerter punkscene wie er te finen yn poppoadiums as De Gloppe yn Ljouwert en yn [[Iduna (Drachten)|Iduna]] yn [[Drachten]]. Mei in tal maten foarme hy de hardcoreband ''Icepick''. ''Icepick'' makke in tal platen en spile op Europeeske festivals. De muzyk en teksten wiene benammen basearre op lilkens. Hy begûn oan in stúdzje laboratoariumtechnyk, mar fûn himsels fierstente rûch foar de stúdzje. Stoffers wurke faak as útstjoerkrêft, en gie fan de iene skipmakkerij nei it oare. Syn ûnderfinings yn dat wurk wiene faak de boarne fan ûnderwerpen fan de ferskes. Hy spile dêr doe ek yn in metalbandsje. Letter hâlde er in jier yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Tailân]] ta en kocht er in akûstyske gitaar. As backpacker harke er in soad nei countrymuzyk fan Hank Williams en [[Johnny Cash]] en spile mei in tal Ieren en Ingelsken yn kroegen.
 
Mei de Ljouwerters Bart Scheffers op drums en Rik Alstra op kontrabas waard yn 2010 [[De Hûnekop]] oprjochte. Datselde jier stiene se op it [[Freeze Festival]]. De nûmers ''Brúnwurker'', ''Alderwetske Wâldpyk'' en ''Rûchhouwer'' waarden al gau populêr. De ûnderfinings en wurk yn de skipsbou foarmen de fiedingsboaiem foar de sels skreaune sjongteksten. De Hûnekoppers wiene it fleiswurden klisjee fan de arbeider út de [[Fryske Wâlden]]. De arbeiders- en rûchhouwerskultuer komt faak werom yn de teksten fan De Hûnekop. Stoffers praat en sjongt as in wâldpyk, mar om geef [[Frysk]] bekroadet er him net om.
 
Nei't er wer ris sûnder wurk rekke, besleat er in eigen bedriuw op te rjochtsjen: ''Frisian Music''. De earste [[Kompaktskiif|CD]] fan De Hûnekop wie ''Raast oan de protters'' en ferskynde yn 2010. De twadde CD waard op 16 july 2011 presintearre op harren eigen festival yn [[Burgum]].<br>