Keizer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Gjin haadletter
Rigel 1:
In '''Keizerkeizer''' ([[Latynsk]]: ''Imperator'') is de heechste titel foar in [[monarch]], en hat moreal sjoen in heger oansjen as in kening. De etymology fan keizer rint wêrom nei [[Julius Caesar]], waans efternamme as ''keizer'' útsprutsen waard. It wie net Julius Caesar sels, mar syn neef en opfolger [[Augustus Oktavianus|Augustus]] dy't it wurd ''Caesar'' brûkte as syn titel. Yn it [[East-Romeinske Ryk]] bleau de titel oant en mei [[1453]] bestean.
 
[[Karel de Grutte]] kroane him yn [[800]] ta Keizerkeizer fan it Westen, dat wie de earste net Romeinske keizer. Yn it [[Hillige Roomske Ryk]] waard ek de keizerstitel brûkt. [[Napoleon]] waard kroand ta keizer yn [[1804]]. Oant en mei [[1918]] waard de keizerstitel allinnich noch brûkt yn it [[Dútske Keizerryk]] en [[Eastenryk-Hongarije]].
 
De Russyske tsaren wienen ferlykber mei in keizer. Bûten Jeropa waard yn 'e wrâldskiednis de keizertitel brûkt yn [[Súd-Amearika]], [[Afrika]] en [[Aazje]], mar dy binne net itselde as de Jeropeeske keizertitels. [[Japan]] is sûnt 600 foar Kristus in keizerryk, mar is it iennichste lân op ierde dy't no noch in keizer hat.