1924: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien haadstêd Rome.
Rigel 23:
*[[14 maaie]] - Yn noardlik [[Marokko]] wurdt de [[Ynternasjonale Sône fan Tanger]] oprjochte.
*[[23 maaie]] - Op it [[partijkongres]] fan 'e [[Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny]] wit [[Josef Stalin]] syn rivaal [[Leon Trotski]] hast hielendal te isolearjen. Trotski wurdt troch Stalin en dy syn trewanten beskuldige fan anty-[[marxisme|marxistyske]] ôfwikings, yllegale fraksjefoarming, [[mensjevisten|mensjevistyske]] en lytsboargerlike tinkbylden en oare [[misdriuw]]en en flaters.
*[[10 juny]] - Yn 'e [[Itaalje|Italjaanske]] [[haadstêd]] [[Rome (stêd)|Rome]] wurdt de [[sosjalistysk]]e foaroanman [[Giacomo Matteotti]] troch [[faksist]]en [[fermoarde]].
*[[29 augustus]] - De [[Dútslân|Dútske]] [[Ryksdei]] stimt yn mei it troch [[Alliëarden]] foarleine [[Dawesplan]] (in betinksel fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bankier]] [[Charles G. Dawes]]), dat [[ekonomy]]ske herfoarmings foarstiet dy't Dútslân by steat stelle moatte om te foldwaan oan 'e [[ferhelbetelling]]s.
*[[17 septimber]] - It [[Itaalje|Italjaanske]] [[regear]] seit it yn [[1920]] mei [[Joegoslaavje]] sletten [[Ferdrach fan Rapallo (1920)|Ferdrach fan Rapallo]] op. Dat betsjut dat Itaalje wer oanspraak makket op 'e Joegoslavyske dielen fan [[Dalmaasje (regio)|Dalmaasje]].