De Goes (mole): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
red |
better neffens boarne 1 |
||
Rigel 2:
'''De Goes''' (ek '''De Guos''') is in [[poldermole|poldermûne]] tichtby de [[buorskip]] [[Iezumasyl]] yn de gemeente [[Dongeradiel]].
De Goes, in mealreeë [[grûnsiler]] dy't sawat in kilometer súdwestlik fan Iezumasyl oan de [[Suder Ie]] stiet, waard om 1850 hinne yn opdracht fan in pleatslike boer boud foar it bemeallen fan de [[Guozzepolder]] binnendyks. De houten achtkante mûne mei lege stiennen fjildmuorren, dekt mei fertikale houten dielen hat in flecht fan 10,60 m.
De mûne ferlear syn funksje yn 1962 nei de [[ruilferkaveling]] fan dit gebiet. Trije jier letter waard de Goes oankocht troch de eardere gemeente [[Eastdongeradiel|East-Dongeradiel]], dy't him yn 1970 restaurearje liet. Dêrby ferdwûn de [[Selsswichter|selsswichting]], dy't de mole foarhinne op beide [[roeden]] hie. Yn 1988 krige De Goes in nije jitizeren [[As (meganika)|as]]. De mûne, yntiids eigendom fan de [[Stifting Monumintebehâld Dongeradiel]], is net te besichtigjen.
|