Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 26:
 
==Libben==
Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar waard yn [[1583]] berne yn it [[Andalúsje|Andalusyske]] Sevilla. Hy wie it fyfde bern yn it gesin fan don Miguel Martínez de Jáuregui, in ''[[hidalgo (adel)|hidalgo]]'' (lid fan 'e Spaanske legere adel sûnder fierdere titel) út it gewest [[La Rioja]], en doña Isabel Hurtado de la Sal, út Sevilla. Syn âldste broer brocht it letter ta ''regidor'' (kommissaris) fan Sevilla. Eins hiet Martínez de Jáuregui fan Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal, mar hy feroare op eigen manneboet syn twadde efternamme (dy't fan syn mem kaam) yn "Aguilar", de efternamme fan ien fan syn beppes.
 
Oer Martínez de Jáuregui syn jonkheid is frijwol neat bekend, al wurde der yn syn traktaat ''Arte de la Pintura'' ("De Skilderkeunst") ferwizings makke nei ferskate reizen nei [[Itaalje]]. Fierders is it bekend dat er in hoart yn [[Rome (stêd)|Rome]] ferbleau, foar 't neist om skilderjen te learen. Koart foar [[1610]] kearde er mei 26 jier werom yn Spanje, doe't er al namme makke hie as sawol [[keunstskilder]] as [[dichter]]. Sa hied er yn [[1600]] al in portret skildere fan 'e ferneamde Spaanske [[skriuwer]] [[Miguel de Cervantes]].