Hoarn (koperblaasynstrumint): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
link
Daam (oerlis | bydragen)
→‎Beskriuwing: linkje oanpast
Rigel 5:
Hjoed de dei (2007) kenne wy de hoarn as blaasynstrumint, mar fan oarsprong waard it ynset by de jacht. Ek hie de hoarn oare synjaalfunksjes, lykas de posthoarn, synjaalhoarn en bugel. De hoarrn wurdt ta de koperblaasynstruminten rekkene.
 
In hoarn is in koperen buis dy't begjint mei it mûlestik fan sawat 17 mm trochsnede, dêrnei sa'n 12 sintimeter lang koanysk útrinnend. Nei in silindrysk stik (sawat it tredde part fan de lingte fan de hiele hoarn) komt de buis út yn in koanyske beker mei in trochsnede fan sa'n 30 sm. De beker is gâns grutter en oars fan foarm as dy fan de [[trompet]]. De folsleine lingte fan de hoarn hinget ôf fan de grûnstimming fan it ynstrumint: in Bes-hoarn is sa'n 2,75 meter, in F-hoarn 3,78 meter en in C-hoorn 4,72 meter. Tsjintwurdich is in kombinaasje fan twa hoarns yn ien ynstrumint wenst, nammentlik de dûbelhoarn (F - Bes). Dat is it standertynstrumint yn profesjonele [[symfoany-orkestsymfony]]en-orkesten. De dûbelhoarn wurdt brûkt foar it grutter meitsjen fan it berik en it krijen fan in oare klankkleur: de Bes-hoarn hat in skerpere klank en is dêrom geskikter foar synjalen; de F-hoarn is sêfter fan klank en geskikter foar it yn 'e mande spyljen mei [[houtblazers]] en [[strikers]]. In seldsumheid (hoewol hieltyd faker foarkommend) is de tripelhoarn (F - Bes - f). Op de ôfbylding is in dûbelde hoarn te sjen, wer te kennen oan de dûbelde laach bûgde buizen dy't oan de kleppen setten.
 
==Oarsprong==