Hoarn (koperblaasynstrumint)

De hoarn is in koperblaasynstrumint dat sûnt lange jierren wichtige funksje hân hat.

Hoarn

Hjoed de dei (2007) kenne wy de hoarn as blaasynstrumint, mar fan oarsprong waard it ynset by de jacht. Ek hie de hoarn oare synjaalfunksjes, lykas de posthoarn, synjaalhoarn en bugel. De hoarrn wurdt ta de koperblaasynstruminten rekkene.

In hoarn is in koperen buis dy't begjint mei it mûlestik fan sawat 17 mm trochsnede, dêrnei sa'n 12 sintimeter lang koanysk útrinnend. Nei in silindrysk stik (sawat it tredde part fan de lingte fan de hiele hoarn) komt de buis út yn in koanyske beker mei in trochsnede fan sa'n 30 sm. De beker is gâns grutter en oars fan foarm as dy fan de trompet. De folsleine lingte fan de hoarn hinget ôf fan de grûnstimming fan it ynstrumint: in Bes-hoarn is sa'n 2,75 meter, in F-hoarn 3,78 meter en in C-hoorn 4,72 meter. Tsjintwurdich is in kombinaasje fan twa hoarns yn ien ynstrumint wenst, nammentlik de dûbelhoarn (F - Bes). Dat is it standertynstrumint yn profesjonele symfony-orkesten. De dûbelhoarn wurdt brûkt foar it grutter meitsjen fan it berik en it krijen fan in oare klankkleur: de Bes-hoarn hat in skerpere klank en is dêrom geskikter foar synjalen; de F-hoarn is sêfter fan klank en geskikter foar it yn 'e mande spyljen mei houtblazers en strikers. In seldsumheid (hoewol hieltyd faker foarkommend) is de tripelhoarn (F - Bes - f). Op de ôfbylding is in dûbelde hoarn te sjen, wer te kennen oan de dûbelde laach bûgde buizen dy't oan de kleppen setten.

De hoarn as muzykynstrumint stamt fan de 'bistehoarn' ôf. Troch in gat oan de ein of oan de sydkant koene je troch mei de lippen te triljen, toanen meitsje. Tusken de 12e en 16e iuw giene se fan de ienfâldich kromme foarm fan de bistehoarn oer op de wuolle foarm, dêr't de 18e iuwske natuerhoarn út fuort kaam. Op in natuer- of jachthoarn koene natuertoanrigen spile wurde: c-grut, c-lyts, g, c1, e, g, bes, c2, d, e, fis, g, a, bes, b, c3, cis, d, dis, e, f. Troch de hân yn de beker te dwaan (it saneamde stopjen) koe de natuertoanrige manipulearre (krekter sein: ferlege) wurde sadat groamatyske toanljedders spile wurde koene yn de lyksweefjende natuer. In hoarn is in tige dreech ynstrumint om heech mei te spyljen.

By de hoarn waard in searje rûnbûgde buizen levere fan ferskillende lingtes, sa koe de hoarn nei fersate grûnstimmings omstimd wurde; de saneamde "Cor d'Orchestre". Yn 1754 makke Hampel út Dresden de saneamde ynfinsjehoarn. Hy ûnderbriek ien fan de grutste winingen en sette dêr in U-foarmige, útskobere stimbuis tusken (dy fine wy oan de efterkant fan de hjoeddeiske hoarns noch altyd!). De hoarn stimde doe better. Foar soksoarte hoarns hat Wolfgang Amadeus Mozart syn hoarnkonserten skreaun. In folgjende stap wie de Cor Solo. Dy hie in fêste mûlepiip, sadat it mûlestik altyd itselde op de hoarn siet. De U-foarmige stimbuizen waarden no útwikselber, mar allinnich yn de haadtoansoarten: D, Es, E, F en G, sadat de hoarnist partijen yn oare toansoarten transponearje moast. Dy ûntjouwing begûn yn Frankryk om 1830 hinne. Troch dat transponearjen ûntstie de saneamde Cor-Mixte, dy't mar in berik fan oardel oktaaf hie. In ûntjouwing dy't (gelokkich) útstoarn is.

Yn it Dútske taalgebiet waarden om 1815 hinne fentilen op de hoarn oanbrocht; earst twa, letter trije. Ut stúdzjes fan âlde hoarnmetoaden docht bliken dat de fentilen brûkt waarden om toanljedders te spyljen sûnder de rjochterhân te brûken, sa't by de natuerhoarn wenst wie. Robert Schumann wie ien fan de earsten dy't foar de fentylhoarn skreau; syn ferneamde Adagio en Allegro. Brahms en Carl Maria von Weber (beide amateurhoarnisten) wiene fûleindige tsjinstanners fan de 'nijerwetske' fentylhoarn, omdat it kleurepallet fan de natuerhoarn mei it brûken fan de fentilen ferlern gie. Brahms neamde de fentylhoarn lekskoaiend in "Blechbratsche" (letterlik: koperen altfioele). Yn Switserlân, dêr't Henri Kling wurke, wie in mikste technyk oan de oarder: natuerhoarntechnyk mei gebrûk meitsjen fan fentilen. Hoarnisten brûkten de natuerhoarntechnyk allinnich as dat troch de komponist mei klam foarskreaun wie. Muzyk fan bygelyks Mozart wurdt troch moderne hoarnisten mei fentilen spile.

Om 1900 hinne krige de dûbelhoarn stal, in kombinaasje fan de F-hoarn en Bes-hoarn yn ien ynstrumint. Dêrmei koe de romantyske toan fan de F-hoarn kombinearre wurde mei de foardielen fan de koartere buis (de Bes-hoarn). Sûnt fernijde opkomst fan de autentike muzykynstruminten is de natuerhoarn wer populêrder wurden en kenne wy it kleurepalet sa't Brahms en Weber it bedoelden wer.

In tuskenfoarm fan de dûbelhoarn, is de hoarn dy't tusken it mûlestik en de rest fan it ynstrumint in aparte buis hat wêrmei't de hoarnist de stimming oanpasse kin. Yn tsjinstelling ta de ynfinsjehoarn hoecht dêrby de stimbuis net op 'en nij ynsteld te wurden.

Bekendste Fryske hoarnist is Jacob Slagter dy't solohoarn spilet by it Koninklijk Concertgebouworkest.

 
Bastuba

De althoarn is in frij jong ynstrumint út sawat 1843-1845. It is in streekrjochte 'ôfstammeling' út de sakshoarnfamylje fan Adolphe Sax. Fan 1851 ôf wurdt dit ynstrumint yn in brassband brûkt. Oare beneamings foar althoarn binne: cor, corhoarn, stellahoarn of eshoarn. De althoarn is makliker te bespyljen as de boppe beskreaune (en op de ôfbylding te sjen) dûbelhoarn. It ynstrumint is hiel geskikt foar bern om mei te begjinnen. Der is gauris betizing oer de krekte namme fan it ynstrumint. De althoarn wurdt benammen yn brassbands brûkt en wurdt dêr meast koartwei 'alt' neamd. Sa no en dan ek noch yn in fanfare of harmony. De foarm fan de althoorn wykt bot ôf fan de dûbelde hoarn. Hy liket folle mear op de bastuba.