Die Another Day (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 168:
 
===Opnamen===
De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Die Another Day'' setten op [[11 jannewaris]] [[2002]] útein. De binnendoarsênes waarden, lykas by de measte [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-films]], opnommen yn 'e [[Pinewood Studios]] yn it [[Ingelân|Ingelske]] [[Buckinghamshire]]. Op lokaasje waard benammen filme yn [[Iislân]] en oan 'e [[Spanje|Spaanske]] [[kust]], by [[Cádiz]]. Sa waard de Iislânske [[lagune]] [[Jökulsárlón]] brûkt foar it filmjen fan 'e [[auto]]-efterfolging fan [[James Bond]] en Zao op it [[iis]]. Dêrfoar waard in tydlike [[daam (wetterkearing)|daam]] boud om it [[sâlt]]e [[seewetter]] út 'e lagune te hâlden, sadat dy [[froast|tichtfrieze]] koe. Fjouwer [[Aston Martin]]s en fjouwer [[Jaguar (automerk)|Jaguars]] waarden by de opnamen brûkt en ferrinnewearre.
 
Op it [[strân]] by Cádiz waard de [[sêne]] yn [[Kuba]] opnommen wêryn't Jinx Johnson ([[Halle Berry]]) yn [[bikiny]] út 'e [[see]] komt en Bond har foar it earst sjocht. Ynstee fan it [[tropen|tropyske]] [[klimaat]] dat it lykje moast, wie it dy deis nei't it skynt [[kâld]] en [[wyn (waar)|wynderich]], en der binne produksjefoto's frijjûn fan Berry dy't harsels tusken de [[shot (sinematografy)|shots]] troch besiket op te waarmjen troch har te bewuoljen yn tsjûke [[badlekken]]s. Oare Kubaanske sênes, lykas dy yn [[Havana]] en op it [[fiktive]] Isla de los Organos, waarden ek yn en om Cádiz hinne filme.
 
Bykommende opnamen waarden makke op 'e [[Noarwegen|Noarske]] [[eilannegroep]] [[Spitsbergen (Noarwegen)|Spitsbergen]], yn it [[Nasjonaal Park Jostedalsbreen]] op it [[fêstelân]] fan Noarwegen en op ferskate [[fleanfjild]]en yn [[Gloucestershire]] en [[Kent]]. De [[Reform Club]] yn [[Londen]] waard brûkt foar in diel fan 'e sêne mei it swurdgefjocht tusken Bond en Graves yn 'e skermklub. De [[koepel]]s fan it [[Eden Project]] yn [[Cornwall]] giene troch foar it [[haadkertier]] fan Graves yn Iislân. De iepeningssêne, wêryn't Bond en twa hantlangers al [[surfen]]d ynfiltrearje yn [[Noard-Koreä]], waard yn [[desimber]] [[2001]] filme by [[Pe‘ahi (Hawaï)|Pe‘ahi]], op it [[Hawaï]]aanske eilân [[Maui]]. Dêrby giene de surfers [[Laird Hamilton]], [[Dave Kalama]] en [[Darrick Doerner]] troch foar Bond en syn kornuten.
 
===Distribúsje===