Content deleted Content added
Lebel: Bulkberjocht
Rigel 129:
4 jan 2022, 19.15 (CET)
<!-- Message sent by User:Johan (WMF)@metawiki using the list at https://meta.wikimedia.org/w/index.php?title=User:Johan_(WMF)/Target_lists/Admins2022(4)&oldid=22532508 -->
 
== Projekt WikiWomen ==
 
Rju achte Wutsje,
 
Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.
 
In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!
 
Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/
 
Graach hear ik fan jo,
 
Mei freonlike groetnis,
 
Welmoed Sjoerdstra
Stazjêre Afûk
Projekt WikiWomen