Jens Emil Mungard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L st
Rigel 4:
 
==Libbensrin==
Jens Emil Mungard waard berne op it [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] eilân [[Söl]]. Syn mem stoar doe't er trije jier wie en tenei waard er tein by syn muoike. Al betiid hâlde er him dwaande mei [[Literatuer|literatuer]] - benammen mei [[lyryk]] - en [[Mytology|mytology]]. De heit fûn it goed dat syn soan niget hie oan literatuer, mar se koenen it net rjocht mei mekoar fine, omdat Nann Peter Mungard him altiten bemouiebemouide mei de saken fan syn soan, ek doe't er al folwoeksen wie.
 
Neidat er boaske hie yn [[1910]] nimt Jens Emil Mungard yn Keitum it hûs fan syn heit oer. Wittenskiplik net bejeftige, koed er kwalik oerlibje mei syn frou. Doe't it hûs yn 1921 ôfbaarnde, waard de sitewaasje jit slimmer. Hy ferlear syn hûs, en gie by de frou wei, en hy woe gjin kontakt mear mei de famylje.
 
Jens Emil Mungard hope dat de [[Nazi|nasjonaalsosjalisten]] de Noardfryske taal wol stipestypje soene, dêr't er doe sels al mei dwaande wie. Betiid seach er al dat de nije machthawwer yn [[Berlyn]] wat oars fan doel wie, en hy socht help by de opposysje. Yn in stikmannich dichtwurken makke er it nije bewâld bespotlik. Yn 1935 waard er arrestearre. Der kamen noch oare arrestaasjes. Omdat er kontakt hie mei de Friezen yn 'e [[provinsje Fryslân]] neamden de Nazys him steatsgefearlik („national unzuverlässig“). Yn it ''Schutzhaftbefehl'' (befel yn 'e tiid fan de [[Twadde Wrâldkriich]] om frijânenfrijannen fan it Tredde Ryk yn konsintraasjekampen op te sluten) fan 13 juny 1936 stie: ''„Jo hâlden oant no ta is in rjochtfeardiging foar ús om jo foar fertocht te hâlden fan it skansearrenskansearjen fan it oansjen fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân.“'' Yn 1938 krige Mungard in ferbod om te skriuwen. Doe't er dat net die, waard er op 'e nij arrestearre en nei konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht, dêr't er yn [[1940]] stoar nei 377 dagen finzenskip.
 
Fan 1909 ôf ferskynden syn earste dichtwurken yn Fryske boeken, fan 1911 ôf skreau er mear, benammen foar de eilânskrante fan Söl. Mei elkoar hat Jens Mungard mear as 700 dichtwurken skreaun, 6 teaterstikken en in soad proasaproaza.
 
== In part fan syn wurk ==