Ter Apel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 39:
 
== Skiednis ==
It doarp ûntstie by it [[Kleaster Ter Apel]]. Yn [[1594]] waard it kleaster sekularisearre by de [[Reduksje fan Grins]]. Yn [[1619]] waard de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] hear fan [[Westerwâlde]] en dêr hearde it kleaster, it tsjinoerlizzende brou- en bakhûs (hjoed-de-dei ''Hotel Boschhuis''), en de dêrby hearrende grûn, ek by. Yn de rin fan de tiid plante de stêd in soad bosk op it grûngebiet fan it kleaster. Tusken [[1931]] en [[1933]] waarden de oerbliuwende parten fan it kleaster restaurearre. Yn [[1976]] joech de stêd it foar in symboalysk bedrach oer oan it Ryk. It bosk kaam ûnder it behear fan [[Steatsboskbehear]].
 
Sûnt de [[njoggentjinde iuw]] is der ek [[Feankoloanje|feankoloniale]] [[lintbebouwing]] by it Stads-Ter-Apelkanaal del rjochting [[Stedskanaal (plak)|Stedskanaal]], de ''Weerdingermond'' rjochting [[Nieuw-Weerdinge]] en rjochting [[Emmer-Compascuum]]. Yn [[1920]] kaam it [[Ruiten-Aa-kanaal]] ree. Yn de earste helte fan de [[tweintichste iuw]] wie it in knooppunt fan spoar- en tramwegen.