Berop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L [[]] oars
 
Rigel 1:
In '''berop''' is in gearhingjend gehiel fan [[arbeid (wurk)|arbeid]]staken, foar de útfiering wêrfan't ferlet is fan in beskate [[kennis|fakkennis]]. In berop kin fuortbestean los fan 'e yndividuële beoefener en is dêrmei foar de [[maatskippij]] as sadanich werom te kennen. Oer it algemien kin in berop fierders omskreaun wurde as in type beuzichheid dy't men útoefenet om jins [[ynkommen]] te fertsjinjen, sadat men jinsels ûnderhâlde kin. In '''haadberop''' is de foarnaamste beropsaktiviteit fan in persoan, en dêrmei teffens syn of har breawinning. In haadberop wurdt yn 'e regel [[foltiid]]s útoefene. Dêrnjonken hawwe guon minsken noch in '''byberop''' of '''njonkenberop''', dat as byfertsjinst yn [[dieltiid]] útoefene wurdt los fan 'e haadaktiviteit. Ek [[studint]]en, dy't gjin haadberop hawwe, beskikke faak wol oer ien of mear bybaantsjes om harsels mei te ûnderhâlden.
 
Der bestiet in ûnderskie tusken de begripen [[arbeid (wurk)|arbeid]] en berop. Men kin in berop hawwe sûnder arbeid te ferrjochtsjen (bgl. as men [[sykte|siik]] of mei [[pinsjoen]] is), en oarsom kin men ek arbeidzje sûnder in berop te hawwen ([[húsfrou]] is bgl. gjin berop, mar men kin net sizze dat húsfroulju gjin arbeid ferrjochtsje). It ferskil tusken in berop en in [[funksje (posysje)|funksje]] is dat in berop maatskiplik bepaald wurdt, wylst in funksje bepaald wurdt troch de [[organisaasje]] wêrby't men wurket. Om in foarbyld te jaan: [[strjitmakker]] is in berop, mar foarman fan ploech strjitmakkers is in funksje fan ien dy't noch hieltyd as berop strjitmakker hat. Beroppen kinne yn ferskate kategoryen opdield wurde. De wichtichste opdieling is dy yn 'e kategoryen [[ûndernimmer]] (lju dy't in eigen [[bedriuw]] hawwe), [[wurknimmer]] (lju dy't by it bedriuw fan in oar yn 'e tsjinst binne) en [[amtner]] (lju dy't by de [[oerheid]] yn 'e tsjinst binne).
 
In berop kriget men yn 'e regel troch it folgjen fan in [[oplieding]] ta in beskaat berop. Jins berop hat grutte ynfloed op 'e [[sosjale posysje|posysje]] dy't men hat yn 'e bredere [[sosjale struktuer]]. It winnen fan in ynkommen is net de iennichste reden om in berop út te oefenjen; soks kin ek persoanlike foldwaning jaan, bgl. om't it in nuttige bydrage oan 'e maatskippij is, om't men jins persoanlike talinten derfoar brûke kin, of om't it oangeande berop jin [[maatskiplike status]] jout. Dêrby moat wol oantekene wurde dat lju dy't in protte lok hawwe, fan har [[hobby]] har berop meitsje kinne, mar dat de grutte mearderheid fan 'e minsken syn berop net foar syn plezier útoefenet.