Blauwe Nyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
plaatsjes
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:NileBlue bluenile whitemap.PNGpng|thumb|Rin fan de Blauwe Nyl (yn 't blau)]]
[[Ofbyld:ET Bahir Dar asv2018-02 img32 view from Bezawit.jpg|thumb|De Blauwe Nyl yn Etioopje]]
 
De '''Blauwe Nyl''' is in [[rivier]] yn [[Afrika]] dy't streamt troch de lannen [[Etioopje]] en [[Sûdan]]. Hy ûntspringt yn de Tanamar op it Etiopyske plato. It nivo fan de mar is 1788 meter heech. De [[kleau]] dy’t de Blauwe Nyl yn de Etiopyske [[heechflakte]] útsliten hat, is sa’n 1400 meter djip. De rivier is likernôch 1600 kilometer lang. By de stêd [[Kartûm]] foarmet de Blauwe Nyl mei de [[Wite Nyl]] de [[Nyl]]. Dy tûke fan de Nyl wie ferantwurdlik foar de jierlikse oerstreaming fan de Nylbank yn [[Egypte]]. Alle kearen waard in fruchtbere laach modder ôfsetten. Hjoed-de-dei bliuwt dy modder stykjen efter de [[Aswandaam]]. Hoewol’t de Blauwe Nyl der ek wol ris foar soarge dat de Nyl oerstreamde, is er benammen de drain foar wetter. Sa’n 72 persint fan it wetter fan 'e Nyl komt út de blauwe tûke.
== Namme ==
De Namme is in rûge oersetting fan it Arabyske wurd ''Azraq'', dat njonken blau ek donker betsjut. De donkere kleur fan de Blauwe Nyl komt troch in soad fyn materiaal fan de boaiem dat yn it wetter oplost is. Dat materiaal is út de [[heechflakte]] fan Etioopje ôfkomstich. Sokke sweevjende dieltsjes meitsje dat it oerflak ‘’skean derop del sjoen’’ wyt liket en de Blauwe Nyl ta de [[Wytwetterrivier|Wytwetterrivieren]] rekkene wurdt.