Doede Veeman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kopke
 
Rigel 32:
Yn de santiger jierren wenne hy yn Eastermar en spile in bult mei Jappie van der Leest op festivals en oare optredens. Yn 1978 naam hy de LP ''Frustraasjebloes'', yn 1987 folge troch de LP ''Húske''. Yn 1992 ferskynden in tal nûmers fan him út op de sammel-CD’s fan [[Aaipop]] en fan [[Tsjoch]].
 
Doede makket net allinnich ferskes, mar is ek aktyf yn [[kabaret]] en by revuen. Sa die hy fan 1994 oant 1997 mei oan twa programma's fan de kabaretploech [[Ratatette]] en fan of 2000 oant 2016 op e twajierliikse revue fan t heidefeest op e Sumarreheide wer,t der no noch wennet. Earste ''De Skeane Ein & co'' en letter ''In heale maraton op platfuotten'', dêr 't hy neit it skriuwen fan lietsjes froalfoaral de muzikale begelieding die.
 
Mei [[Piter Wilkens]] tegearre joech Veeman in tsiental lietskriuwkursussen foar it [[FLMD]] (letter Tresoar). Mei dyselde Piter Wilkens, [[Gurbe Douwstra]] en [[Jaap Louwes]] die hy in tal programma’s fan ''Trûbadoersjûnen''. Yn 2004 ferskynde dêrfan de cd ''Der tuskenút''. It meiïnoar lieten skriuwe en meiïnoar elkoars lieten spylje befoel sa goed dat sy dêr oant ein 2009 noch mei trochgiene. Yn 2007 ferskynde de life yn Arum opnommen ''De âlde púndyk bydel''.
 
Yn maaie 2016 gie it program ''Wâldfrysk'' yn premiêre. Dit program makke Veeman mei [[Herman Peenstra]], Carel van Leeuwen en Marcel Prins fan de groep ''RemoliNo''. It bestie út in kombinaasje fan Fryske lieten en ynstrumintale wrâldmuzyk. Mei de muzikanten fan RemoliNo makke er yn 2009 de cd ''It is in spul''. Op dy cd stiene santjin lieten.
Mei RemoliNo die er mei oan it projekt ''De Misa Criolla en Navidad Nuestra op syn Frysk''. De muzyk fan dy mis en dy krystkantate wie fan [[Ariel Ramírez]] en waard útfierd troch [[Anneke Douma]] as soliste mei it koar Con Amore Musica, ûnder lieding fan Gerben van der Veen.
Veeman soarge mei Marleen Engelenburg foar de oersetting fan de teksten yn it Frysk. Yn 2013 begûn er mei syn nije programma ''WrâldWiis'', besteande út wrâldmuzyk mei Fryske teksten.
 
Nei in lange karriêre yn 'e musiekmuzyk hat Veeman op 13 oktober 2018 yn Balk syn lêste optreden jûn. Hy moast stopje my it optreden om't er, nei eigen sizzen, hieltyd minder fertrouwe koe op syn unthâld. <ref>[https://www.omropfryslan.nl/nijs/845788-doede-veeman-hat-nei-50-jier-op-de-planken-syn-leste-optreden-han Doede Veeman hat nei 50 jier op de planken syn lêste optreden hân.] Omrop Fryslân, 18 oktober 2018</ref>
 
== Diskografy ==