Hitsum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Ynfoboks oanpast en aktualisearre. Skiednis útwreide. Ynfo oer skoalle útwreide. Ferienings: neat mear te finen oer de Pûdelûkers en Meiïnoar Ien, ek net op de doarpsside. Dy twa ferienings weihelle.
LNo edit summary
Rigel 49:
Eartiids stiene der [[Stins|stinzen]] yn it doarp fan de Gratinga's en Roorda's. Op it plak fan ien fan dy stinzen stiet tsjintwurdich de pleats Roorda State, in [[ryksmonumint]].
 
De likernôch 3 meter hege terp fan Hitzum waard oan it ein fan de 19e iuw foar it measte ôfgroeven. Yn de terp binne njonken wat kraleguod in 6e-iuwsk Noarsk metalen plaatsje mei runen, in spearpunt en in brûnzen mantelspjeld[[Fibula|mantelspjelde]] fûn.<ref>[https://wierdenenterpen.nl/friese-terpen/friesland-terpen-h-p/hitzum/ Wierden en Terpen, oproppen 26 april 2023]</ref>
 
De lânsdyk waard yn 1856 ferhurde mei grint en tusken 1902 en 1939 krige Hitsum ek in tramferbining oan de line Frjentsjer-Boalsert. Yn Hitsum waard dy ferbining lykwols fral brûkt foar it ferfier fan fee nei de [[Ljouwerter feemerk]].
 
Yn [[2009]] waard noardlik fan Hitsum de [[fyts]][[brêge]] [[Hitsumer Hichte]] boud, dy't it Binnenpaad tusken it doarp en [[Frjentsjer]] oer de [[N384]] hinne liedt.