Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
DDurk (oerlis | bydragen)
Rigel 284:
 
Binne dy strjitten nuttich? In list fan strjitten sûnder kaart om se te finen kinst neat mei - soks moast op Google Earth sette! Om my kinst dy strjitten better weilitte, want it fertelt neat oer it doarp sels. [[User:DDurk|DDurk]] 21 nov 2007, 11.26 (CET)
 
Jo hâlde fêst oan jo strjitte-projekt, en ik fyn jo argumintaasje om it te dwaan mar meager. Nijsgjirrigens nei strjitnammen sil fêst foarkomme, mar at de measte strjitnammen 'De buorren', 'Tsjerkeleane', fûgelnammen as oare 'simpele' betsjuttings ha sil dy nijsgjirrigens gau bekuolje. En at der earne in 'Master Kuperusstrjitte' is, betsjut dit dat elk drekst útsykje wol hokker geweldige learaar dit wol net wie? Ik tink it net. En sadree't de list lang is silst dy echt net trochlêze op syk nei dy iene nijsgjirrige strjitte (en in list is al gau lang ast it bygelyks oer Ljouwert hast - of wurdt dy oerslein?!). It is earliksein mar frjemd om earne in hiele list fan strjitnammen te sjen, it seit gewoan neat oer in doarp. At der al in nijsgjirrige strjitnamme is, neam dat dan yn de skiednis, bygelyks ast it oer Master Kuperus en syn fertsjinsten hast. Dan hat immen wat oan strjitnammen, mar sa echt net! [[User:DDurk|DDurk]] 4 des 2007, 21.00 (CET)
 
== Dûbelt ==