Studint te Grins. Wol sa no en dan guod tafoegje dêr't ik ferstân fan ha. En bin fierders tige goed yn de Fryske taal. -DDurk

Wolkom op de Fryske wikipedy.
Jo bin fuort al drok dwaande en der hâlde wy hjir wol fan, foaral fan minsken dy't nea flaters meitsje yn de stavering ;).

  • Op Wikipedy:Mienskip kinne jo wat siden fine mei wat oanwizings ensf.
  • At jo fragen hawwe kinne jo terjochte op de oerlis siden dy't derby hearre. Foar algemiene fragen is Wikipedy:Oerlis_side it bêste plak.

In protte nocht tawinske.Theun 20.46, jan 24, 2006 (UTC)


Op Terp hawwe jo no foar de twadde kear skreaun dat it iene hûs fan in hûsterp om de fiver hinne stie. Is dit in fersin, of hie sa'n pleats in spesjale foarm?

Witte jo oars ek werom der letter op de doarpterpen plak wie foar in tsjerke? Hienen terpen binnendyks, dêr't omlizzzend wetter net sâlt mear wie, de fivers faaks fersâne litten?

Op Oerlis:Terp hie ik earder al wat skreaun oer synonym-siden.

Aliter 23.22, jun 5, 2006 (CEST)

Strjitten

bewurkje seksje

DDei DDurk. As men troch doarpen en gruttere plakken rydt sjocht men gauris in strjitnamme dy't troch de skiednis bûn is oan histoaryske plakken, minsken of foarfallen yn, út of by dat doarp. As frjemd hat men der dan gjin weet fan wat sokke nammen ynhâlde. In side oer it doarp is in moai plak om soks út te lizzen. No soe men sokke nammen der úthelje kinne om te beskriuwen mar soks wurdt dan tige willekeurich. Om dat foar te kommen set ik alle strjitten der mar by. Dat jout trouwens ek wol in yndruk, want sa sjocht men dat der yn in doarp in soad stegen binne of leanen. Wa't krekt witte wol wêr't de strjitten lizze kin, krekt sa't jo skriuwe, better nei Google Earth. It neamen fan strjitnammen oer persoanen makket it foar minsken út de doarpen/plakken ek leechdrompelich om ris wat op de Wikipedy oer sa'n histoarysk persoan út in doarp te fertellen.Swarte Kees 21 nov 2007, 14.23 (CET)Beäntwurdzje

Jûn Durk. Strjitnammen as Ljippen, Ljurken en Haadstrjitten kinne yndie better út byld ferdwine as der safolle binne. Mar om guon nammen der út te litten en oaren net jout willekeur, en dat is ek net goed. It soe der foar pleitsje om alle besteande nammen binnen in plak foar de leafhawwers troch te linken lykas dat by bg. Ljouwert dien is: "Alle Strjitten fan Ljouwert", en de beskreaune nijsgjirrige strjitnammen op de side sels op te nimmen. Wat tinkt jo derfan? Faaks kinne oaren hjir ek harren ljocht ris oer skine litte? Groetnis, Swarte Kees 4 des 2007, 21.36 (CET)Beäntwurdzje