Hindrik de Fette: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat útwreide
-t
Rigel 3:
Nei it tiidrek fan de [[Brunoanen]] beliende yn [[1101]] de keizer fan it [[Hillige Roomske ryk]] Hindrik de Fette it gewest Mid-Fryslân. Hy wie troud mei in suster fan de eardere Fryske greve [[Egbert II]], dy't sûnder bern wie. Hindrik soe lykwols yn itselde jier by [[Nagel]] fermoarde wurde troch de Friezen, omdat it jok fan syn hearskippij harren swier foel.
 
Neffens de skreaune boarnen waard er op de flecht jage en koe hy mar krekt mei in skip ûntkomme. De Friezen sette de achterfolging yn en by Nagel waard hy ynhelle. Sy stutsen him mei in spear, wêrnei hy oerboard foel en ferdronk. It libben fan syn frou bleau besparretbesparre.
 
De deaslach op de greve Hindrik de Fette wurdt wol sjoen as it feitlik begjin fan de ''libertas ([[Fryske frijheid]])'' fan de Friezen tusken Flie en Lauwers.