Skieringers en Fetkeapers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
twa ynterne ferwizings makke
Rigel 2:
 
==De Fryske frijheid==
It ûntstean fan partijen moat foaral sjoen wurde yn de ûntwikkeling dy't Mid-Fryslân trochmakke nei it tiidrek fan de Greven[[Fryske greven]] (1165-1345). It Fryske lân ûntwikkele him doe ta in ''boererepublyk'' sûnder sintraal gesach. De ''[[Fryske frijheid'']] rjochte har foaral tsjin de oerhearsking troch frjemde hearen, mar liet yn eigen lân de foarming fan ien sintraal gesach net ta. It negative gefolch hjirfan wie dat der yn Fryslân hieltyd mear lytse sintra fan macht ûntstienen dy't troch it ûntbrekken fan in oerkoepeljend gesach wol meiinoar yn botsing komme moasten. Foaral de [[haadling|Haadlingen]] hawwe yn dizze ûntwikkeling in rol fan betsjutting spile.
 
De saneamde ''Fryske frijheid'' fertsjintwurdige benammen foar de haadlingen de heechste foarm fan frijheid. Linkelytsen namen oantal en macht ta fan dizze selsmakke stân fan Fryske eallju. Sy hienen hearlike rjochten, en koenen sadwaande libje fan de opbringst fan harren troch oaren bewurke pleatsen. Se oefenen mei hieltyd grutter súkses [[rjochtsfoech]] út oer harren ûnderdienen. By de talleaze twisten dy't ûnder inoar ûntstienen waarden legerkes fan hiersoldaten ynsetten.