West-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: nn:West-Friesland
→‎Skiednis: ik haw der Westflinge fan makke
Rigel 14:
Nei it fertrek fan de Romeinen makke West-Fryslân sûnt de [[7e ieu]] diel út fan it [[Fryske ryk]] dat ûnder kening [[Aldgilles]] en [[Redbad]] syn grutste útwreiding berikte. Nei it bewâld fan kening Redbad, stried hofmeier [[Karel Martel]] tsjin de Friezen dy't troch him yn [[720]] ferslein waarden. De Fryske gebieten westlik fan [[Fly|It Fly]], dêr't ek West-Fryslân by hearde kaam sa yn [[Franken|Frankyske]] hannen.
 
Sûnt dy tiid wie West-Fryslân ûnderdiel fan it [[Frankyske ryk]] en hiet it [[West-FlingeWestflinge]]. Yn de [[9e ieu]] waard West-Fryslân stadichoan wer in selsstannich gebiet en fierden har Fryske bewenners sa no en dan kriich mei de grêven fan [[Hollân]]. Yn [[1297]] waarden sy troch de greve [[Jan fan Hollân]] ferslein en waard West-Fryslân troch him beset en ûnderdiel makke fan syn grûngebiet. Sûnt dy tiid wie West-Fryslân in part fan Hollân, earst fan it Greefskip Hollân, dêrnei fan it [[Greefskip Hollân]] en [[Greefskip West-Fryslân|West-Fryslân]]. Letter waard dit de [[Steaten fan Hollân en West-Fryslân]], en sûnt [[1840]] de provinsje [[Noard-Hollân]].
 
==West-Fryske Gemeenten==