Geiserik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: la:Geisericus
Fandaalse ryk
Rigel 5:
Geiserik waard sirka 389 berne en brocht syn jeugd troch yn de Romeinske provinsje [[Pannoonje]]. De Fandalen foarmen dêr in [[foederaty]] mei de Romeinen. Hy wie in bastertsoan fan de Fandalenlieder, kening [[Godegisel]]. Om-ende-by [[400]] lutsen de Fandalen fuort en gongen in swalkjend bestean folgjen. Yn [[406]] dienen sy by [[slach by Mainz|Mainz]] in ynfal en foelen [[Galje]] yn. Geiserik die hjir oan mei. Doe't syn heit sneuvele tsjin de [[Franken]] waard dizze opfolge troch syn healbroer [[Gunderik]]. En doe't dizze stoar yn [[428]] waard Geiserik kening. Geizerik ûntwikkele him as in grut strateech en besocht de macht en wolfeart fan syn folk te fergrutsjen. Omdat de Fandalen yn [[Hispania Baetica]] yn Súd-Spanje in protte te lijen hân hienen fan de [[Fisigoaten]], besleat Geiserik om Spanje te ferlitten en mei syn folk nei [[Mauritaanje]] te ferfarren.
 
== it [[Fandaalske ryk]] yn Afrika ==
Mar noch foardat Geiserik de oertocht weage, rekkene hy earst ôf mei de [[Sueven]], it folk der't de Fandalen mei deilis wienen. Yn [[429]] fierde hy in kriichstocht en fersloech de Sueven by [[slach by Merida|Merida]]. Fuortendaliks dêrnei stiek er mei it hiele folk fan om-ende-by 80.000 minsken oer nei [[Afrika]]. It slagge him om sûnder grutte swierrichheden de Romeinske ferdigeners te oerwinnen en wreide syn macht út fanút it tsjintwurdige [[Marokko]] nei [[Algerije]] en [[Tuneezje]]. Ek belegere hy [[Hippo Regius]] dêr't de [[tsjerkfaar]] [[Augustinus]] biskop wie.
Yn [[439]] slagge it Geiserik om [[Kartago]] te oermasterjen en foel in grut part fan Romeinske float yn syn hannen. Dizze float stelde him yn steat om te hearskjen oer it westlik part fan de [[Middellânske See]]. Hy makke Kartago ta haadstêd fan syn Fandalenryk, dat in grut part fan de Afrikaanske kust besloech. En yn koarte tiid koe hy mei syn float [[Sisylje]], [[Sardynje]], [[Korsika]] en de [[Balearen]] oermasterje.
Rigel 14:
 
== Slach by Kaap Bon ==
Yn [[468]] hienen de beide Romeinske riken harren bekomst fan de Fandalen. Hja foelen it [[Fandaalske ryk|Fandaalse keninkryk]] fan beide kanten oan. Dochs wûn Geiserik it de Romeinen ôf. Troch in mûklist slagge it him om de Romeinske float yn de [[slach by Kaap Bon]] te ferslaan. Nei dit militêre fiasko joegen de Romeinen har besykjen op en oant syn dea soe Geiserik hearskje tusken de [[Strjitte fan Gibraltar]] en [[Tripolitaanje]] oer de Middellânske See. De East-Romeinske keizer [[Zeno]] wie opnij twongen om frede mei him te sluten.
 
Geiserik stoar úteinlik yn [[477]]. Hy wie doe 87 jier. Syn soan [[Hunerik]] soe him as kening opfolgje.