Molkwar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
keppeling om utens
Rigel 9:
Alderearst waard der in dialekt sprutsen dat, mei it dialekt fan Hylpen beskôge waard as it ‘echte’ Frysk. Beide dialekten hienen skaaimerken fan it âld-Frysk. Der binne beskriuwings fan bûtenlanners dy't ûnder oare om de taal te hearren, reizen makken nei Hylpen en Molkwar.
 
Fierders wie it doarp boud op sânacht pôlen, troch wetter fan inoar skieden. De eilantsjes hienen de nammen: asSorke TsjerkepollePol, Aestrik,Katte WestrikPol, HindepolleHoeunde Pol, KattepolleWester-Ich, AchthuzenEester-polleIch, Grimspol as Arjenspol, De Pol ek wol Wiebrenmantjes Pol as De Tooenen en Grinzerpollede Jaaxme Fonne Pol. Middels brechjes en planken ûnderhâlden de doarpsbewenners harren ûndferlinge kontakten. It ferhaal giet dat frjemdlingen der maklik ferdwaalden. Troch syn protte kanaaltsjes, der wieen mear kanalen as stjitten, en de 27 brêgen yn it doarp waard Molkwar ek wol it Feneetsje fan it Noarden neamd.
 
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.
Rigel 15:
Molkwar hie in grutte fiskersfleat, in eigen seehaven yn de [[Sudersee]] en it doarp hie in eigen slûs om yn it feilige binnenwetter komme te kinnen. Yn de heechtiidsdagen hie Molkwar sels in eigen kantoar yn Amsterdam om iet doarp te fertsjintwurdigjen. Yn dy dagen wienen der trije tsjerken yn it doarp mei yn totaal sa'n 1700 doopsgesinde leden. Yn de twadde helte fan de [[18e ieu]] en yn de [[19e ieu]] waard it ynwennertel minder.
 
In protte karakteristike huzen waarden sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.
 
==Mienskip==
Yn maart komt de Feriening foar Doarpsbelang gear yn it Doarpshûs. Oranjeferiening, oprjochte [[14 septimber]] [[1933]]. Organisearret de Keninginnedei, it twajierlikse doarpsfeest en in folleybaltoernooi. Der bestiet in film Ald Molkwar. Yn de Aldheidkeamer fan Molkwar sit ek de Heksehoale foar de bern. It Swannenêst is de doarpsskoalle.