Content deleted Content added
Ik ha de sinbou hjir en der wat feroare
rivieren en guon
Rigel 3:
In '''Sompe''', of '''Unlân''' is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei it stadichoan wer opdroeget.
 
Sompen wurde skaaimerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte gerssoarten te finen. Ek [[reid]], [[tuorrebout]] en oare krúdeftige-plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol [[farskwetter|farsk-]] as [[sâltwetter]] wêze. Foar guon bisten is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.
 
Yn wezen is de sompe in tuskenfaze yn de ûntwikkeling dy't yn stân hâlden wurdt troch bisten of minsken. By bisten moate we tinke oan bygelyks de [[Eastfardersplassen]] yn [[Flevolân]]. Hjir hâlde [[goes|goesen]] harren eigen libbensgebiet yn stân troch it ieten fan reid. As der in tiidlang lykwols neat bart, dan sil in sompe stadichoan ‘ferlâne’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.
 
Oan de kust bestien ek sompen, de saneamde ‘getiden sompen’. Dizze binne meastal te finen by de mûnings fan rivierrivieren en tusken [[sânbank|sânbanken]] tichteby de kust en it fêste lân. Se besteane út gebieten mei in protte [[sân]] of tinne [[klaai]]. De [[Tantramar Sompen]] yn East-[[Kanada]] binne hjir in foarbyld fan.
 
By in sompe fynt faak in ôfbrek proses plak fan deade planten en bisten. Dit proses produsearret gassen dy’t sompegassen hearre. Dat gas kin troch sels-ûntflamming as [[dwaelljocht]], in ljochtblau ljocht, boppe in sompe sjoen wurde.