Alarik I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat krekter del setten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Eroberung roms 410.jpg|right|thumb|250px|De ynname fan Rome yn 410.]].
'''Alarik I''' ([[Peuke]], [[360]] - [[Kosenza (stêd)|Konsenza]], [[410]]) wie kening fan de [[Fisigoaten]] tusken [[395]] en 410. Yn de funksje fan generaal tsjinne hy yn it Romeinske leger, letter kearde hy him tsjin it [[Romeinske Ryk]]. Oan de delgong fan dit ryk hat syn optreden yn de skiednis ek meidien. Hy wie de earste Germaanske leider dy't [[Rome]] ynnaam.
 
Rigel 5:
Alarik stamme ôf fan in âld Fisigoatysk keningslaach, de [[Balten ]] en waard berne op it eilân [[Peuke]] oan de mûning fan de [[Donau]]. Doe't syn folk de súdlike grinzen fan it Romeinske ryk oerstutsen wie hy in jier of fyftjin âld. Hy die op jonge leeftyd al mei oan de striid tsjin de Romeinen, û.o. yn de [[Slach by Adrianopel]] en de gefjochten dêrnei.
 
Under keizer [[Teodosius de Grutte]] makke hy opgong yn it [[Romeinske leger]]. Yn [[394]] stried er tsjin de usupator [[Eugenius]] dy't yn de [[slach oan de Frigidus]] ferslein waard. Doe't yn jannewaris [[395]] Teodosius kaam te stjerren, hie syn oerbefelhawwer en plakferfanger regint [[Stilicho]], lykwols de Fisigoaten fan Alarik net nedich en stjoerde se fuort nei harren wengebieten yn [[Moesja]]. Dat wie Alarik net nei it sin, omdat er sels ferwachte hie in hege posysje te krijen. Ynstee fan him fuort stjoere te litten kaam er mei syn folk yn opstân sa gau de situaasje dêr ree foar wie. De Fisigoaten keazen Alarik ta kening, wêrtroch hy sûnt de delgong fan it eardere keninkryk yn [[Roemeenje]] de earste offisjele kening waard dy’t troch alle stammen folge wurde soe.
 
==De opstân tsjin de Romeinen==
Rigel 12:
Yn [[397]] kaam Stilicho it easten te help. Hy sette syn leger mei skippen oer nei Korinte en hie it plonderjende Fisigoatyske leger fuort yn 'e knipe. Alarik siet yn de tange en moast him oerjaan. Brûk makkend fan de situaasje krong er by keizer Arkadius oan, Eutropius hinne te stjoeren en himsels as riedsman te nimmen. Doe't Arkadius syn foarstel ôfwiisde, keas Stilicho de fersleine Alarik as bûnsmaat.
 
== De fjildslaggen yn Itaalje ==
In skoftlang hâlde Alarik him katoen. Mar doe't Eutropius yn it geheim kontakt mei him socht liet er him oerhelje mei syn hiele folk nei it westen te lûken. Yn 401 doe't it leger fan Stilicho op fjildtocht wie oan de Limes yn [[Pannoonje]] seach Alarik kâns [[Itaalje]] yn te fallen. Sûnder wjerstan koe hy oplûke en de stêd Milaan omsingele de residinsje fan de Keizer.
 
Stilicho makke in ein oan syn fjildtocht en fersterke it leger mei kontinginten út [[Galje]] en [[Brittanje]]. Milaan waard ûntset en op [[6 april]] [[402]] troffen it Romeinske en Fisigoatyske leger inoar by [[Slach by Pollentia|Pollentia]]. Alarik ferlear de slach en moast him werom lûke nei de bergen fan Noricum en eastlik Raetia. Mar noch gjin jier letter hie Alarik syn leger alwer sadannichsadanich op sterkte dat er yn de simmer fan [[403]], wer in ynfal weage yn Itaalje. Krekt as foarhinne moete er it Romeinske leger fan Stilicho. Diskear fûn by [[Slach by Ferona|Ferona]] en op 'e nij waard hy troch syn tsjinstanner ferslein. Mar ek dy keardiskear krige hy in frije ôftocht.
 
In ferklearring foar de riedselseleftige hâlding fan Stilicho mei de Fisigoaten moat sjoen wurde yn de plannen dy't hy hie mei Alarik. Stilicho, dy't sels in [[Fandalen|Fandaaal]] wie, seach yn opstannige Fisigoat in bûnsmaat yn syn moedsume relaasje mei de Romeinen. Yn dy tiid wie der in sterke nasjonale streaming yn it Romeinske Ryk tsjin Germanen dy't hege funskjes beklaaiden.
Rigel 22:
Yn [[408]] waard Stilicho, de grutte tsjinstanner fan Alarik, troch Romeinen fermoarde en ûntstie der reboelje troch it leger yn Itaalje. Alarik makke op snoade wize gebrûk fan de situaasje en luts foar de tredde kear Itaalje yn. Noch itselde jier stie hy foar de poarten fan Rome. Foar in protte jild liet er him ôfskypje, mar hy kaam lykwols yn [[410]] werom en diskear oermastere hy de stêd. Syn leger sette it op in plonderjen. En dat wie foar it earst sûnt de Gallyske ynfal yn [[390 f.Kr]]
 
==Dea en opvolgingopfolging==
Neidat er Rome plondere hie luts Alarik nei it suden fan Itaalje. Der hie hy te krijen mei fiedselkrapte en makke by de stêd [[Kosenza (stêd)|Konsenza]] tariedings om mei it hiele folk oer te stekken nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]]. Mar noch foar dit plan útfierd wurde koe, kaam er te ferstjerren. Alarik waard begroeven yn in rivierbêding fan de Busento. Soldaten ferleinen de rin fan de rivier foar even, sadat syn lichem yn de droechlizzende bêding begroeven wurde koe. Alarik waard opfolge troch syn sweager [[Ataulf]].
 
==Literatuer==
*[[{{Aut|Hermann Schreiber]]}}, ''De Goten, Vorsten en vazallen'', (1979).