Majorianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
Yn 456 sette hy mei help fan de [[Germanen|Germaanske]] generaal [[Risimer]] (die't efter de skermen in protte feitlike macht hie) Avitus ôf as keizer, nei dizze keizer ferslein te hawwen by [[slach by Placentia|Piacenza]]. Seis moannen letter op [[28 desimber]] waard Maiorianus sels. It eastlike part fan it Ryk woe him lykwols net erkenne.
 
Majorianus fersloech yn [[458]] de [[Fandalen]] by [[KampânjeKampanje]], en yn [[460]] de [[Fisigoaten]]. Mar syn folgjende fjildtocht tsjin de Fandalen rûn út op in grut fiasko. Hy hie in grutte float byinoar samle foar [[Kartagena]], dat troch in slûchslimme trúk fan de Fandalenkening [[Geiserik]] sawat hielendal ferneatige waard.
 
Nei dizze nederlaach sakke de reputaasje fan Majorianus by it leger hurd. By it Romeinske folk bleau hy lykwols populêr, benammen fanwege in oantal wetten dy't hy makke hie, lykas in wet dy machtsmisbrûk tsjin gong fan hege amtners. Al mei al wie it allegear net nei it sin fan Risimer, dy't it leger tsjin him opsette. Nei in ôpstan yn [[Lombardije]] waard Majorianus troch Risimer twongen op [[2 augustus]] 461 ôf te treden. Fiif dagen letter waard hy fermoarde.