Johannes Galenus van Sytzama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kategory feroare
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 1:
'''Johannes Galenus baron van Sytzama''' ([[Driezum]], [[2 augustus]] [[1767]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[13 desimber]] [[1839]]) wie in Fryske kavalery-offisier en politikus.
 
Johannes Galenus fan Sytzama waard berne op de [[Rinsma state]] yn Driezum, as soan fan Maurits Pico Diederik fan Sytzama, kommys-generaal fan Finansjen en lid fan de Steaten fan Fryslân, en Catherina Maria fan Heemstra. Yn [[1781]] naam hy, 14 jier âld, tsjinst by it [[Steatske leger]] en ward yndield by it ''Rezjimint Garde Dragonders''. Nei de [[Frankryk|Frânske]] machtsoername yn [[1795]] naam hy ûntslach.
 
Yn 1814 naam hy opnij tsjinst by de striidkrêften fan it [[Keninkryk fan de Nederlannen]]. Kening [[Willem I]] fersocht him in Rezjimint Dragonders op te rjochtsjen en stelde him dêrfoar op [[6 jannewaris]] fan dat jier oan yn de rang fan [[luitenant-kolonel]].
 
Neidat it formearjen fan it rezjimint op [[18 july]] [[1814]] syn beslach krigen hie, krige Fan Sytzama in oare taak: hy waard kommandant fan it garnizoen yn Ljouwert. Letter dat jier, op [[2 septimber]] 1814 waard hy beneamd ta Provinsjaal Kommandant yn [[Fryslân]] en yn [[1825]] waard hy promovearre ta [[generaal-majoar]]. Yn [[1839]] gie hy as [[luitenant-generaal]] mei pinsjoen. Foar syn fertsjinsten waard hy ûnderskieden, hy waard beneamd ta Ridder yn de [[Oarder fan de Nederlânske Liuw]].
 
Fan Sytzama wie behalve militêr ek politikus, hy wie lid fan de [[Provinsjale Steaten]] fan Fryslân. Ek famyljeleden fan Johannes Galenus fan Sytzama wienen polityk en bestjoerlik aktyf: syn soan [[Maurits Pico Diederik fan Sytzama]] ([[1789]]-[[1848]]) wie û.o. [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Keamer]]lid en foarsitter en gûverneur fan Fryslân, syn broer [[Willem Hendrik fan Sytzama]] ([[1763]]-1848) wie û.o. Twadde Keamerlid en [[grytman]] fan [[Westdongeradiel]].
 
It troch him yn 1814 oprjochte rezjimint makket noch altyd diel út fan de [[Keninklike Lânmacht]], sûnt [[1950]] ûnder de namme ''[[Rezjimint Huzaren fan Sytzama]]''.
 
==Boarnen==