Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
 
==Skiednis==
Argeologysk ûndersyk toant oan dat Jever in plak is dat stifte waard troch de [[Sjauken]] yn de [[Romeinske ryk|Romeinske Tiid]]. Yn de [[9e ieu]] waard Jever, en de rest fan [[Rüstringen]], it gebiet by Jever dat doe sa neamd waard, oan de [[Denemarken|Deenske]] kening Hariold joen troch [[Loadewyk de Fromme]]. Yn de [[Midsieuwen]] wie Jever bekend ûnder de namme Geverae, wat ‘gerslân’ of, yn in oare omskriuwing, ek wol ‘plak fan it [[Thing]]’ betsjut. Yn dizze tiid waard Jever oan de hartoch fan [[Saksen]] joenjûn. Letter kaam it ek yn hannen fan de [[Welfen]] en [[Oldenboarch]].
 
[[Ofbyld:Jever Ostfriesland 1500.png|thumb|right|300px|In kaart mei it Hearskip Jever fan [[1500]]]]
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e ieu|10e]] en [[11e ieu]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krychkrige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].
 
Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, [[Edo Wiemken de Jongere]], yn [[1511]], ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve [[Edzard de Grutte]] fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Marie, de dochter fan Edo. Har dea yn [[1575]] waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de Eastfriezen foel Jever yn hannen fan Oldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemarken Jever wer foar in skoft yn hannen.
Rigel 13:
Yn [[1667]] makke Jever diel út fan it âld-hearskip [[Anhalt-Serbst]]. Neidat [[Freedrik August]], dy’t de [[Ingelân|Ingelsken]] finansjeel holpen hie yn de [[Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich]], yn [[1793]] stoarn foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de [[Ruslân|Russyske]] tsares [[Katharina de Grutte]], in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.
 
Jever bleaunbleau Russysk oant de komst fan [[Napoaleon]]. Hy bemastere it gebiet yn [[1807]], en by de [[Frede fan Tilsit]] moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan [[1808]] oant [[1810]] ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hollân]], in Frânske fazalsteat. Kening [[Loadewyk I fan Hollân]] stelde Frânsk-Nederlânske generaal [[Étienne Jacques Travers]] oan as baron fan Jever. Yn [[1813]] kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stûnenstienen dizzen it wer ôf oan Oldenboarch.
 
Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar [[Joaden]] garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de [[20e ieu]], doe’t in protte jonge joaden nei gruttere steden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden fuort foar it groeiende [[anty-semitisme]]. Hjirtroch wennenwenne der yn [[1938]] noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út [[1802]] waard yn de [[Kristalnacht]] hielendal ôfbrutsen.
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] wienen der yn [[Nederlân]] fier foardere plannen om in part fan Dútslân, wêrûnder ek Jever, te anneksearjeanneksearjen. By de [[Dútslânkonferinsje]] fan [[1949]] waard besletten om dit plan net troch te fierefieren.
 
[[Ofbyld:Jever RA.jpg|thumb|right|300px|In foto fan it âlde stêdssintrum fan Jever.]]