Aldeboarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
== Gebouwen ==
=== Tsjerke ===
Aldeboarn hie oan yn de [[18e ieu]] in dowestienen Bonifatiustsjerke, dy't al yn de [[13e ieu]] boud waard, doe't Aldeboarn tsjerklik in wichtich plak wie. Yn [[1723]] sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer komme moast.
 
Hjirfan giet it ferhaal dat dy fan Aldeboarn dan ek daalks mar de heechste tsjerketoer fan Fryslân hawwe woenen. Fansels wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan [[Tsjom]], dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp, en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande is de Tsjomster toer hieltiid noch de heechste fan Fryslân, en hjitte de Tsjomsters fan ''Lyntsjesnijers'' en de Boarnsters fan ''Tuorkemjitters''.