Joseph Haydn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Bettere ôfbylding; stavering
Rigel 1:
[[Ofbyld:Joseph Haydn - Project Gutenberg etext 18444.jpg|right|200pxthumb|Joseph Haydn]]
'''Joseph Haydn''' ([[Rohrau]], [[31 maart]] [[1732]] - [[Wenen]] [[31 maaie]] [[1809]]) wie in [[Eastenryk|Eastenrykske]] [[komponist]].
 
Haydn is berne as twadde fan tolve bern. Heit en men wienen ienfâldich, se wienen from en se wurken hurd. Mem hie graach sjoen dat ien fan har bern geastlike wurden wie mar dit siet der net yn foar Joseph. Syn heit woe graach in muzikant fan him meitsje. Yn 'e hûs waard der in soad muzyk makke. Dizze folksmuzyk kaam letter foar soan Joseph fan pas. Nei in pear pogingen om op in oargel te spyljen mocht er by it no ferneamde [[Wiener Sangerknaben]] yn Wenen. Dizze organisaasje song by tsjerketsjinsten. Mar doe't hy it burd yn de kiel krige en in prúk fan in kollega stikken knipte wie it klear. Hy wurd dyeldedyselde dei ûntslein. Hy stie op strjitte, hy krige iten fan freonen en fan bewonderersbewûnderers. Letter koe hy sels wer iten keapje doe't er as kopiist wurkjen gie. Ut dizze tiid komme syn earste wurden dy’t besteld waarden troch de pleatslike adel en boargerij.
 
Hy bestudearret de nije wurken fan [[Carl Philipp Emmanuel Bach]]. Dizze wurken soe hy as foarbyld nimme foar syn pianosonates. Yn [[1759]] begjint hy mei in nije baan. Hy wurdt kapelmaster by de [[greve Morzin]].
 
Hy trout mei Maria Anna Keller. Hy woe leavverleaver trouwe mei har suster, mar dit mocht net fan de skoanheit. It wie net in lokkich houlik. Der kamen gjin bern en Haydn sei faak dat er bliid wie dat er net thús hoegde te wêzen. Hy wie faak yn it selskip fan oare froulju.
 
Yn [[1760]] wurdt hy kapelmaster by [[Grevee Esterhazy]] yn [[Eisenstadt]]. Haydn krige in permanint orkest ta syn foldwaan. Dit wie foar him in goede omjouwing om in soad wurken ôf te leverjen. Stadichoan waard Haydn ferneamder. Hy krige útnoegingen fanút de hiele wrâld lykas [[Parys]], [[Amsterdam]], [[Leipzich]], de [[Feriene Steaten]], [[Spanje]] en [[Itaalje]].
 
De ferneamdheid kaam him goed fan pas yn [[1790]]. De greve gie dea en de kapel waard ûntbûn. Hy krige in aardich pinsjoen mei en hy mocht de titel kapelmaster behâlde. Hy fêstige him as frije keunsterkeunstner yn Wenen. Op oantrunen fan de fioelist en [[ympressario]] Salamon ûndernaam hy twa reizen nei [[Ingelân]]. Syn [[Londen|Londenske]] symfonyen waarden tige goed ûntfongen. It Ingelse hof woe him graach sjen. Ek krige hy it earedoktoraat fan Oxford. Op syn earste weromgreisweromreis moete hy de jonge [[Ludwig van Beethoven]], dy’t him folget nei Wenen foar muzyklessen. Echt freonen binne it noait wurden.
 
Yn syn lêste libbensjierren komponearre hy syn twa belangrykste oratoria’s: "Die Schopfung" en "Die JareszeitenJahreszeiten". Foar syn dea koe hy yn de krante syn eigen namme lêze by de rou-advertinsjes. Troch in namme wikseling fan de krante mei syn broer wurdt hy deaferklearredea ferklearre. Dêrom krige er ek gjin útnoeging foar de routsjinst yn Parys. Sels stoar hy in pear jier letter tidens it bombardemint fan [[Frankryk]] op Wenen op [[31 maaie]] [[1809]].
 
Haydn hat likernôch 104 symfonyen skreaun en 84 strykkwartetten.
 
[[Ofbyld:Haydn Seven Words Sitio.jpg|center|thumb|200px|orsjineelorizjineel wurk fan Haydn]]
== Sjoch ek ==
[[List fan ferneamde komponisten]]