Kodeks Roarda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
wetsteksten -> rjochtsteksten; kategory:Rjocht->Rjochtsskiednis; stavering
Rigel 1:
[[Ofbyld:codexroordapagina.jpg|thumb|250px]]
De '''Kodeks Roarda''' is in [[midsieuwen|midsieusk]] [[hânskrift (dokumint)|hânskrift]] mei [[Latyn|Latynske]] en [[Aldfrysk|Aldfryske]] wetstekstenrjochtsteksten. Oer de datearring wurdt ûngelyk tocht. Dizze giet fan 1480 oant 1504. De Kodeks Roarda is fan belang omdat dêryn it midsieuske Fryske rjocht beskreaun wurdt, dat gou foar de fêstiging fan it sintraal gesach yn Fryslân. Dêrneist is it taalkundich fan belang omdat it foar in part yn it Aldfrysk opsteld is. De CodexKodeks RoordaRoarda is yn besit fan en wurdt bewarre by [[Tresoar]] yn Ljouwert.
 
De oarsprong fan de Kodeks Roarda is net dúdlik. Wierskynlik is men yn [[1480]] begûn mei it meitsjen fan it. Briquet datearre it boek oan de hân fan wettermerken op 1495.<ref>C.M. Briquet, ''Les Filigranes, Dictionnaire Historique des Marges du Papier'', 4 vol., Paris, 1907</ref> Nij papierûndersyk hat no laat ta in datearring omtrint 1504.<ref>Gerard van Thienen, 'A date for the "Freeska Landriucht " Press (1484-7) from paper evidence, with a note on the Codex Roorda...', yn: ''Incunabula: studies... presented to Lotte Hellinga'' (cf. nr. 2966), side 141-167, ill. </ref>
Wa't it boek gearstalle litten hat is net rjocht dúdlik. De earste besitter wie [[Karel fan Roarda]], healwei de [[17e ieu ]] [[grytman]] fan [[Idaarderadiel]] en (ek) lid fan Deputearre Steaten. As lid fan in aadlik Frysk [[haadling]]engeslacht, is it mooglik, mar net seker, dat it wetboek al oardel ieu famyljebesit wie.
 
Karel fan Roarda (†1670) hat de kodeks oan [[Simon Abbes Gabbema]] ([[1628]] – [[1688]]), Lânshistoarjeskriuwer fan de provinsje Fryslân, jûn (of ferkocht). Nei de fêstiging fan it sintraal gesach troch hartoch [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht fan Saksen]] yn [[1498]], wie der in ein komd oan de ieuwen fan de [[Fryske Frijheid]], in perioade wêryn't de Friezen gjin inkel gesach, [[lienheer]] of lânsman erkenden útsein de [[List fan keizers fan it Hillige Roomske Ryk|keizer]]. Se wiene oant dan frij harren eigen rjochtspraak te regeljen en basearren dy op ieuwenâlde útgongspunten. It mei dúdlik wêze dat in historikushistoarikus as Gabbema in de 17e ieu mear oan it boek hie as in grytman as Fan Roarda.
[[Ofbyld:codexroordacover.jpg|thumb|left|300px]]
Der is in lakune yn de skiednis fan de Kodeks Roarda fan it momint ôf dat Gabbema it yn besit hie oant de folgjende foarsitter, [[Petrus Wierdsma]] ([[1729]] - [[1811]]). It is mooglik dat ds. Johannes van der Waeijen, de opfolger fan Gabbema, it boek as ûnderdiel fan de profesjonele neilittenskip fan Gabbema oernomd hat.
Neffens de Ljouwerter stêdshistorikusstedshistorikus [[Wopke Eekhoff]] yn in lêzing foar it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip]] yn [[1854]], is it ûnwierskynlik dat Petrus Wierdsma it boek urven hat: syn heit wie arts en Petrus wie notaris/rjochtsgelearde.<ref>W. Eekhoff, 'Voorlezing over het leven van Petrus Wierdsma en zijne verdiensten omtrent de geschiedenis en letterkunde van Friesland', ''De Vrije Fries'' 8 (1859) 1-47</ref> Eekhoff wit ek te fertellen dat Petrus Wierdsma boeken en kodeksen oernomd hat út de neilittenskip fan Werumeus, Halsema, Heringa en oaren, mar oft de Kodeks Roarda hjir tusken siet, is net bekend.
 
Petrus Wierdsma bestudearre en publisearre oer de âlde Fryske wetten en seker is dat hy hjirfoar de Kodeks Roarda brûkte, dy't hy oersete en fergelike mei de wetstekstenrjochtsteksten uitút de kodeksen Dousa en Emmius.<ref>Petrus Wierdsma en Pieter Brantsma, ''Oude Friese wetten / met eene Nederduitsche vertaaling en ophelderende aantekeningen voorzien'' (yn trije dielen, wêrfan it tredde nea publisearre waard, 1782 1788), Kampen en Ljouwert, J.A. de Chalmot en J. Seydel</ref>
 
Nei syn ferstjerren dienen de widdo en soan fan Wierdsma it wichtichste diel fan syn biblioteek yn in feiling fan de hân. Hânskriften, lykas de Kodeks Roarda bewarren sy noch. Yn 1858 waarden dizzen ek ferkocht. De KOdeksKodeks Roarda kaam yn besit fan de DútseDútske germanist, rjochtsgelearde en heechlearaar [[Karl von Richthofen|Karel frijhearbaron fan Richthofen]] (1811 – 1888). Syn wichtichste publikaasje yn relaasje ta de Kodeks Roarda is ''Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte'' (yn trije dielen tusken 1880 en 1886).
 
De Provinsjale Bibleteek fan Fryslân (no ûnder de namme Tresoar) hat yn 1922 út de neilittenskip fan Von Richthofen tsien Aldfryske hânskriften oankocht, wêrûnder de Kodeks Roarda (oantsjutten as Ro). Dêr wurdt it no noch altyd bewarre.
Rigel 22:
*{{Aut|Pieter Gerbenzon}} - 'Aantekeningen over de Jurisprudentia Frisica, een laat vijftiende eeuwse bewerking van de Excerpta legum', ''Tydskrift foar Rjochtsskiednis'', dl. 57, 1989
 
== Noaten ==
<references/>
 
[[Kategory:RjochtRjochtsskiednis]]
 
[[Kategory:Fryske literatuer]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Rjocht]]
 
[[nl:Codex Roorda]]