Jan VI fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Houlik en bern: Willem Loadewyk fan Nassau
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
sinsbou
Rigel 6:
Jan fan Nassau urf yn [[1559]] as âldste broer nei Willem fan Oranje de Nassauske goederen fan it geslacht [[Hûs fan Nassau|Nassau]] yn Dútslân, omdat syn broer Willem (fan Oranje) de neilittenskip fan syn neef René fan Chalon urf, nammentlik it prinsdom Orange yn Frankryk en de besitttings yn de Nederlannen. Jan wie lykas syn oare bruorren Lutersk opfieden, mar gie yn [[1572]] út oertsjûging oer ta it [[Kalvinisme]]. Yn 1577 wie hy yn de Nederlannen. Hy wie dan koarte tiid [[steedhâlder]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]]. Yn [[1579]] hie hy in grutte rol by it tastânkommen fan de [[Uny fan Utert]]. Mar yn [[1580]] ferliet hy lykwols de Nederlannen omdat hy him net fine koe yn de Frânskgesinde polityk fan syn broer Willem. Hy gie werom nei it kastiel [[Dillenburg]].
 
Jan van Nassau kin beskôge wurde as de stamfaar fan it no yn Nederlân regearende foarstehûs. De ôfstamming rint fia syn soan [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]]. Fan de fiif soannen fan Juliana fan Stolberg en Willem de Rike is hy de ienige soan dy't op in natuerlike deawize oan syn ein komd is.
 
Hy hat ferskate wichtige funksjes beklaaid. Hy miste lykwols de takt en de dilplomatike jeften fan syn bruorren [[Willem fan Oranje|Willem]] en [[Loadewyk fan Nassau|Loadewyk]].