Dan Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nij fan makke
No edit summary
Rigel 3:
 
==Syn jeugd==
Dan Brown is berne en grut wurden yn [[Exether]] yn [[Nij HamphireHampshire]]. Hy is de âldste fan trije bern. Syn mem Constanse wie in profesjoneel muzikante en bespile it oargel yn it [[tsjerke]]. De heit fan Dan wie Richard G. Brown en wie in learkrêft en joech Wiskunde. Hy hat skoalboeken skreaun.
 
De bern gienen nei deselde skoalle dêr't syn heit les joech: de Phillips Exeter akademy. It wie in eksklusive kostskoalle. Der waard fan de learkrêften ferwachte dat se op de kampus wenjen gienen. Dêr wie gjin televyzje en de sosjale omjouwing wie kristlik. Dan siet dan ek by it tsjerkkoar, hy gie nei sneisskoalle en gie mei op kamp fan it tsjerke. Foardat se nei de akademy gienen krigen se les op in publike skoalle yn Exeter. Alle trije bern koenen goed leare.