Okke Hel (sêge): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Okke hel feroare ta Okke Hel (sêge): Romte meitsje foar Okke Hel as popband en roeiferiening
ûnderkopkes en ferwizings
Rigel 1:
'''Okke Hel''' is de haadpersoan yn in Fryske [[sêge]]:, dy't him ôfspile op de [[Waadsee]].
 
==Ferhaal==
Okke wie in skipper út [[Harns (stêd)|Harns]] dy't geregeldwei útfarde nei [[Skylge]]. Op in dei sit hy op fracht nei Skylge te wachtsjen en om de tiid troch de bringen makket er in praatsje yn it kafee. Yn it kafee sit in nuvere man dy't tsjin him begjint te praten. Al gau komt it praat op roeien, want dat is Okke syn grutte pasje. De frjemdling beeart dat hy ûnferslaanber is en ferwachtet dat Okke him útdaagje sil foar in wedstryd. Okke hoecht dêr net lang oer nei te tinken en de wedstryd is in feit. By it ferlitten fan it kafee lit Okke de frjemdling foargean en sjocht sadwaande dat dizze in bokkepoat hat. It is de [[duvel]]. Okke skrikt en prakkesearret hoe't er hjirmei oan moat. Wylst pocht de duvel fierder oer hoe geweldich at hy wol net is en dat Okke dochs gjin kâns hat. Hjir grypt Okke yn, hy stelt foar dat hy in healoere foarsprong krijt en dat se fan Harns nei Skylge roeie. De duvel betinkt him in amerij en giet akkoard.<br>
Okke set ôf en en giet yn in rjochte streek nei Skylge. In healoere letter giet de duvel efter him oan, ek yn in rjochte baan. Wat de duvel lykwols fergeat en Okke net, wie dat it [[tij]] ôfgeand wie. Okke koe noch krekt oer de [[sânbank|sânbanken]] komme, mar de duvel kaam fêst te sitten. Sa fersloech Okke de duvel en krige syn bynamme Okke Hel.
 
==Oar==
Yn Harns is de sloeproeiferiening Okke Hel nei him neamd. Ek wie der in Frysktalige popgroep mei de namme Okke Hel.