Galearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
noch in sin tafoege
Rigel 5:
Galerius wie fan boerekomôf en kaam út [[Illyrikum]]. Syn krekte bertedatum is net bekend, maar wurdt skatten op om-ende-by 250, omdat er er al ûnder [[Aurelianus]] tsjinne yn it leger. As jongfeint wie Galerius skieppehoeder, krektas syn heit. Hy gong yn it leger en wie soldaat. Fan syn eardere libben foardat er beneamd wurdt ta [[Caesar (titel)|Caesar]] is fierders neat bekend. Op [[1 maart]] [[293]] wurdt er troch [[Diokletianus]] ta Caesar beneamd. Hy ferlit syn frou en trout op 'e nij mei [[Faleria]], de dochter fan Diokletianus.
 
As Caesar fiert Galerius in oantal krigen. Yn. [[294]] fjochtet er yn [[Alexandria et Aegyptus|Egypte]], en yn de jierren dernei tsjin de [[Perzen]]. Hy slagge deryn har kening [[Narses (kening)|Narses]] in neidelige frede op te lizzen, de [[Frede fan Nisibis (297)]]. Yn [[303]] hawwe der yn it [[Romeinske ryk]] in soad kristenenferfolgings west dy't nei alle gedachten troch Galerius ynset waarden.
 
== Keizerskip ==
Rigel 17:
Yn [[308]] wurdt besletten dat Severus opfolge wurde sil troch [[Lisinius]], in oare freon fan Galerius. Ek Konstantyn en Maksiminus Daia wurde no ta keizer makke. De eardere keizer Maksimianus, dy't op in twadde legitime termyn hope hie, krige dizze net.
 
Dêrnei docht Galerius it 'rêstich oan'. Hy komt yn [[maaie]] [[311]] op natuerlike wize oan syn ein. Maksiminus II Daia folge him op as keizer yn it easten.
 
== Keppeling om utens==