Jan Hepkes Wouda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oansetsje
 
B. (oerlis | bydragen)
ferwizing
Rigel 2:
 
Neffens Jan Hepkes syn eigen sizzen beskikte er oer boppenatuerlike krêften, fong er snoeken sa grut dat se allinne yn it swaaigat by it bûterfabryk yn de Feansterfeart keare koene en hy koe hurder fytse as it ljocht. Jan Hepkes belibbe as ferteller syn 'finest hours' by in ploechje krinkjespuiers dy't faak te finen wienen op de Feike-Draai yn de Feansterfeart. In soad ferhalen fan Jan Hepkes Wouda binne troch Ype Poortinga yn de jierren 80 optekene en útbrocht ûnder de titel 'Ik ha't ris hân...', Jan Hepkes syn standert iepeningssin.
 
Yn Surhústerfean stiet in stânbyld fan Jan Hepkes Wouda.
 
==Literatuer==
* 'Ik ha't ris hân... it Jan Hepkes-ferhaal' troch [[Ype Poortinga]], Ljouwert [[1986]].
* 'Ut it Gea fan Sterke Hearke' troch [[Dam Jaarsma]], [[Ljouwert]] [[1987]].
 
==Ferwizing==
* [http://home.hetnet.nl/~martinus.jongsma/wouda/wouda.htm Stambeam fan Jan Hepkes Wouda]